Feestlike ôfsluting fan Arcadia op snein 14 augustus
Resint ferskynd

De Onkruidenier (foto: Marc de Fotograaf)
Nei hûndert dagen Arcadia makket de Onkruidenier de balâns op mei in performative lêzing: hokker fynsten binne opdien mei de presintaasje Swiet – Swit: rispinge fan de takomst yn it Frysk Museum en hokker iepen fragen bliuwe oanwêzich yn it Swiet – Swit-ûndersyk?
Mei de Onkruidenier kinne besikers besykje om har foar te stellen hoe’t it lânskip der yn ’e takomst útsjocht as minsken har oanpasse oan it lânskip yn stee fan oarsom. Wat sille wy ferbouwe, ite en hoe bewege wy ús troch it lânskip?
De Swiet-Sâltûnderhâldsploech dielt ûnderfiningen fan hûndert dagen ûnderhâld. Bern kinne driuwende rysfjilden bouwe en riede har al dobberjend ta op in sâlte en wiete takomst.
It programma is hjir te sjen. Oanmelde kin ek fia dy link.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje