1 july, de Dei fan de Hûs-oan-Hûskrante

july 1, 2022 07:00 Fernijd

De hûs-oan-hûskrante is ien fan de lêste bastions fan frije mieningsutering yn ús direkte omjouwing. De lokale sjoernalist kin it doarp, de stêd, de wyk en strjitte út ’e pinne. Dy wit wat derta docht en ken de ûnderlizzende drama’s. Dat is eat dat wy koesterje moatte. Spitigernôch stiet de hûs-oan-hûskrante ûnder druk. Dêr wurdt fan ’t jier ris goed by stilstien op de Dei fan de Hûs-oan-hûskrante.

In protte minsken sjogge de Hûs-oan-hûskrante (HoH) noch as in feredele reklamebledsje, mar de maatskiplike funksje is net te ûntkennen. De krante wurdt brûkt om relevant nijs tichteby te bringen, en dat is faak noch wichtiger as grutte nasjonale en ynternasjonale ferhalen. Wa ferslacht bygelyks de riedsgearkomsten fan ús gemeente, en wa hâldt ús op ’e hichte fan wat de plysje allegear docht?

Swierwaar
Dochs hat de HoH it dreech. De krante hat noch faak it imago fan net-wichtich nijs, mar slimmer noch is de penibele finansjele situaasje dêr’t de kranten hieltyd faker mei te krijen hawwe. Advertinsjeynkomsten sakje en hieltyd mear minsken hawwe in nee-neestikker op de brievebus. Boppedat wol nimmen foar nijs betelje, en dat soarget derfoar dat de HoH yn swierwaar ferkeart.
In oar probleem is dat de HoH hieltyd faker ûnderbrocht wurdt by in grutte útjouwer. Dat makket de krante miskien wol rendabeler, mar dat komt de ynhâld net te’n goede.

Komkommertiid
De Dei fan de Hûs-oan-Hûskrante falt op 1 july. In rêstige datum, mar dy is bewust sa keazen. Dan begjint nammentlik de komkommertiid, tradisjoneel in drege tiid foar de media. 1 july is tagelyk ek it begjin fan de Wike fan de Hûs-oan-hûskrante dy’t oant en mei 7 july rint.

july 1, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.