Wurdboek Frysk-Ingelsk online
Resint ferskynd
In digitaal wurdboek Frysk-Ingelsk en oarsom wie der noch net. De Fryske Wrâld, de non-profitorganisaasje dy’t ek www.learningfrisian.com makke hat, krige gauris de fraach oft der ek in Frysk online wurdboek komme koe. Nei stûf wurkjen is dat der no. It hat al in pear tûzen wurden en alle dagen wurdt besocht om it oan te foljen. Brûkers kinne helpe mei it sammeljen fan wurden en dy yn te stjoeren. It wurdboek is te finen op www.frisianwordbook.com.

Boarne: De Fryske Wrâld
De Fryske Wrâld is in organisaasje dy’t bestiet út jonge minsken, dy’t alles wat it Frysk oangiet ferbetterje en beskermje wolle. Se wolle de wrâld in kreas byld fan it Frysk jaan.
Op it stuit wurdt hurd wurke oan in game dy’t it Frysk foar de jongere generaasje nijsgjirrich meitsje moat.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje