“Fryske Akademy moat oan literatuerwittenskip dwaan”
Resint ferskynd

De Fryske Akademy moat in literatuerwittenskipper oanstelle. Dat seit de Ried fan de Fryske Beweging. De Ried fertsjintwurdiget in grut tal kulturele organisaasjes yn Fryslân.
“De wichtichste fraach liket de Ried net hoe’tst mear skriuwers krijst en mear boeken produsearje kinst, mar wêrom’t der sa’n bytsje Frysk lêzen wurdt en hoe’tst dat oars krijst”, skriuwt de Ried oan de provinsje Fryslân. “It giet om lêsbefoardering.”
Yn it ferline wurken by sawol de Ryksuniversiteit Grins as by de Fryske Akademy wittenskippers dy’t ûndersyk diene nei Fryske literatuer. Grutte nammen wiene doe Philippus Breuker, Goffe Jensma, Babs Gezelle Meerburg, Liesbeth Brouwer en Joke Corporaal.
Yn ‘e rin fan ‘e jierren is de Fryske literatuerwittenskip lykwols fierhinne weiwurden. De ûndersikers binne mei pensjoen gien of hawwe oare taken op harren nommen. De Fryske Akademy hat in pear jier lyn syn ôfdielings ferfongen troch sân saneamde ‘ûndersykstema’s’. De eardere ôfdieling Skiednis/Letterkunde/Nammekunde is ferdwûn en der binne no fjouwer histoaryske ûndersykstema’s, mar gjin letterkundige. Wol docht Abe de Vries as gastûndersiker by de Fryske Akademy ûndersyk nei skriuwer Waling Dykstra. By de Ryksuniversiteit Grins hat Goffe Jensma de ôfrûne jierren oan ferskate publikaasjes oer literatuer yn lytse talen meiwurke.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje