Subsydzje foar lytse kulturele inisjativen

desimber 17, 2020 08:39

Fan 4 jannewaris ôf kinne keunstoanbieders en útfierende keunstners in bydrage oanfreegje út de nije provinsjale regeling Kleine cultuurinitiatieven Fryslân. De provinsje jout oant 10.000 euro subsydzje foar it organisearjen fan kulturele aktiviteiten op moetingsplakken yn de oardelmetermienskip. Der is 150.000 euro beskikber. De regeling is ûnderdiel fan it provinsjale koroana-werstelmaatregelpakket.

“Ik bin tige wiis mei dizze nije regeling”, seit deputearre Sietske Poepjes. “Dizze groep kreativen hat it bysûnder dreech yn de koroana-tiid, wylst se sa wichtich binne foar it kulturele klimaat yn Fryslân. Dêrom hawwee se ús stipe hurd nedich. Ik bin bliid dat we harren dy biede kinne.”

Lytse kulturele inisjativen
De subsydzje is bedoeld foar it organisearjen fan in kulturele aktiviteit op in iepenbiere lokaasje, lykas in doarps- of buerthús of poadium. It giet om aktiviteiten op it mêd fan poadiumkeunst of eksposysje, ynklusyf community art, in keunstfoarm dêr’t ien of mear professionals by gearwurkje mei boargers om in keunstwurk oer in sosjaal of maatskiplik fraachstik ta stân te bringen. De oanfregers kinne hûndert prosint subsydzje op de makke kosten krije, mei in minimum fan 500 euro en in maksimum fan 10.000 euro. De subsydzje wurdt ferdield op folchoarder fan datum fan ûntfangst fan de oanfraach. De regeling slút op 15 febrewaris 2021. It oanfraachformulier is fan 18 desimber ôf beskikber fia www.fryslan.frl/cultuurinitiatieven.

Werstelmaatregelpakket
De regeling Kleine cultuurinitiatieven Fryslân is ûnderdiel fan it provinsjale werstelpakket ‘Lok op 1: No en Moarn’. De provinsje presintearre dat pakket yn juny, en set dêrmei 5 miljoen euro ekstra yn om bedriuwen en organisaasjes dy’t rekke binne troch de koroanakrisis te stypjen. Dat jild is bedoeld as ekstra needhelp op de maatregels fan it Ryk en de al oanpaste provinsjale regelingen. De brede wolfeart en sirkulêre ekonomy binne de útgongspunten fan dat pakket mei alve maatregels. In oersicht fan alle maatregels stiet op www.fryslan.frl/herstelpakket.

desimber 17, 2020 08:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.