De Earrebarre (gedicht)
Resint ferskynd
De Earrebarre

Yllustraasje: Skelte Braaksma
Koe ik mar troch de wolken fleane,
frij mei myn wjukken troch de loft meane.
Ynienen flechtsje …, fan efter it besleine rút,
oer de einleaze see, de kâlde klamme hjerst út.
Ik soe skodzje … mei myn grut pak fearren
sa lûd, dat sels de minsken op de grûn it hearre.
De argewaasje fan it deistich bestean,
soe ik achterlitte boppe It Hearrenfean.
Ik soe lânje op ’e wâl fan de âlde Nijl.
By it grêf fan de âlde goaden socht ik myn heil
om nei moannen fan rêst, sinne en meditaasje,
ôfskied te nimmen fan de lêste argewaasje.
Dêr yn ’t tropyske lân belibbe ik in muoisume striid
en krige in ûnwjersteanber langstme nei de maitiid.
Nei wiken fleanen seach ik wer hoe grien ’t de Fryske greide wie,
en ik bedarje by it plak dêr’t ik myn hert bedobbe hie …
Sander Hoekstra
De dichtbondel Brutsen kostet spesjaal foar de lêzers fan It Nijs en De Nije € 15,00 ynkl. ferstjoerkosten. Mail nei sanderhoekstra@icloud.com.

Yllustraasje: Skelte Braaksma






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje