10.000 berjochten op It Nijs
LJOUWERT – It Nijs hat dizze wike syn tsientûzenste nijsberjocht op it webstee pleatst. It webstee is no krapoan fjouwer jier yn ‘e loft en foarsjocht Frysklêzers alle dagen fan nijtsjes út Fryslân, Nederlân en de rest fan ‘e wrâld.