Fjouwer fertochten fan terrorisme oppakt
By in grutte plysje-aksje binne 22 hûzen yn België trochsocht. Fjouwer minsken binne arrestearre op fertinking fan betrutsenens by terrorisme. Hja soene jongelju ronsele hawwe foar terreuraksjes yn Syrië. Op syn minst fiif jongelju soene op dy wize ompraat wêze.