Google startside likernôch leech

Google startside likernôch leech

🕔11:26, 6.Dec 2009

Google hat de Amerikaanske ferzje fan syn startside drastysk omsmiten. Wa’t op it webstek komt, sjocht allinnich noch it Google logo en de balke dêr’tst mei sykje kinst. Fierder hielendal neat. Oant’st mei de mûs yn ‘e buert fan de

Lês it folsleine artikel
120 minsken eksekutearre Irak

120 minsken eksekutearre Irak

🕔11:23, 6.Dec 2009

It is wis dat der yn dit jier yn Irak al 120 minsken eksekutearre binne dy’t de deastraf oplein krige hienen. Der binne noch njoggenhûndert minsken yn Irak dêr’t de straf oer útsprutsen is, mar dy straffen binne noch net

Lês it folsleine artikel
Tweintich lannen fersterkje ISAF

Tweintich lannen fersterkje ISAF

🕔10:50, 5.Dec 2009

Sa’n tweintich lannen hawwe ûnderwilens fersterkings tasein foar de NAFO-operaasje ISAF yn Afganistan, neidat de Amerikaanske presidint Barack Obama woansdei oankundige hie ankom jier 30.000 ekstra militêren ynsette te sillen. De wurdfierder fan sekretaris-generaal Anders Fogh Rasmussen fan de NAFO

Lês it folsleine artikel
Office 2010

Office 2010

🕔08:55, 4.Dec 2009

Microsoft wurket op dit stuit noch oan Office 2010, de opfolger fan Office 2007. Der sille trije ferskillende paketten ferskine. Twa nije programma’s yn Office binne OneNote en Sharepoint. OneNote is in programma om alle mooglike notysjes yn op te

Lês it folsleine artikel
Grôtfol Macau wreidet wer út

Grôtfol Macau wreidet wer út

🕔07:30, 4.Dec 2009

Ien fan de meast tichtbefolke gebieten yn ’e wrâld, de eardere Portugeeske koloanje Macau, begjint wer mei it oanwinnen fan lân. It Sineeske regear hat dermei ynstimd dat Macau 360 hektare lân oanmakket dêr’t no noch it seewetter tsjin de

Lês it folsleine artikel
Hiv-poppen wurde behannele

Hiv-poppen wurde behannele

🕔06:50, 3.Dec 2009

Alle mei hiv besmette lytse bern fan minder as in jier âld sille behannele wurde foar it firus. Froulju dy’t yn ferwachting binne, krije yn de tiid fan harren swierwêzen earder medyske soarch om foar te kommen dat se it

Lês it folsleine artikel
Te hege ôfreispreemje Unicef-topman

Te hege ôfreispreemje Unicef-topman

🕔06:47, 3.Dec 2009

Donateurs fan Unicef Nederland binne lilk oer de tonnen dy’t topman Henk Franken krige neidat er opstapt wie. Hy krige fan Unicef 350.000 euro mei. Unicef Nederland is dêr ek net bliid mei. De âld-topman krige foar ien kear twa

Lês it folsleine artikel
Undersyk nei road trains

Undersyk nei road trains

🕔20:46, 2.Dec 2009

It Britske bedriuw Ricardo sil ûnder de flagge fan it EU-programma Sartre (Safe Road Trains for the Environment) ûndersyk dwaan nei de helberheid fan ‘road trains’: kolonnes auto’s dy’t troch in dêrfoar apart oanpaste auto laat wurde. Dy auto wurdt

Lês it folsleine artikel
Programma untsiferet botnetkoade

Programma untsiferet botnetkoade

🕔10:18, 2.Dec 2009

          Kompjûtersaakkundigen fan de universiteit fan California hawwe in programma skreaun dat automatysk de fersleutele koade fan in botnet achterhelje kin. In botnet is in kolleksje fan software-robots, dy’t automatysk en selsstannich operearje kin. De term

Lês it folsleine artikel
Microsoft offensyf tsjin Google

Microsoft offensyf tsjin Google

🕔04:40, 2.Dec 2009

Neffens de Financial Times is Microsoft yn petear mei News Corp. It giet om in plan dêr’t it mediabedriuw jild by krije soe om syn websiden út de Google-yndeks te heljen. De Financial Times seit ek dat Microsoft besiket om

Lês it folsleine artikel