Kattefideo’s binne folle mear as ferdivedaasje of tiidfergriemerij

Kattefideo’s binne folle mear as ferdivedaasje of tiidfergriemerij

🕔14:45, 20.Jun 2015

Der binne hiel konkrete redenen wêrom’t it ynternet oerspield wurdt mei fideo’s oer katten. Dat seit in ûndersyk fan wittenskippers fan de Indiana University, dy’t sawat sântûzen sjoggers fan online kattefideo’s bestudearren. De ûndersikers sizze dat de kattefideo’s net allinnich

Lês it folsleine artikel
Goede reden om alle dagen sûkelade te iten

Goede reden om alle dagen sûkelade te iten

🕔09:53, 18.Jun 2015

Hûndert gram sûkelade deis ferleget de kâns op in hertsykte of in beroerte, melde ûndersikers yn it wittenskiplik tydskrift Heart. De ûndersikers hawwe likernôch 21.000 minsken ûnderfrege. Hja diene mei oan in langduorjend ûndersyk oer de relaasje tusken sûnens en

Lês it folsleine artikel
Meartalich fermidden ferrommet it eachweid

Meartalich fermidden ferrommet it eachweid

🕔19:22, 17.Jun 2015

Bern dy’t opgroeie yn in meartalich fermidden, hawwe bettere kommunikative feardichheden as bern dy’t mar ien taal om har hinne hearre. Dat komt trochdat hja har better yn in oar ferpleatse kinne. Dat sizze ûndersikers fan de Universiteit fan Chicago,

Lês it folsleine artikel
In nije stap yn de bestriding fan harsenkanker

In nije stap yn de bestriding fan harsenkanker

🕔17:37, 14.Jun 2015

De behanneling fan pasjinten mei in harsentumor is gauris dreech. De tumor kin soms fuortsnien wurde of troch bestrieling of medisinen skansearre, mar hiel faak komt er dochs wer werom. Dat komt trochdat it net slagget om de stamsellen dêr’t

Lês it folsleine artikel
Yt nuten, minder risiko

Yt nuten, minder risiko

🕔10:31, 11.Jun 2015

Minsken dy’t teminsten tsien gram nuten of apenuten deis ite hawwe in leger risiko om te stjerren oan ferskate deadsoarsaken as minsken dy’t dit net dogge. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de Universiteit Maastricht, útfierd ûnder goed 120.000

Lês it folsleine artikel
Dieltsjesfersneller docht it wer

Dieltsjesfersneller docht it wer

🕔10:33, 4.Jun 2015

Wittenskippers sammelje sûnt woansdei wer data mei CERN’s Large Hadron Collider, oftewol de dieltsjesfersneller. In unyk barren, want it projekt hat 27 moanne stillein. Der fine foar it earst botsings plak wêrby’t sa’n 13 tera-elektronfolt oan enerzjy frijkomt. Yn 2013

Lês it folsleine artikel
‘Sjimpansees binne snoad genôch om iten te sieden’

‘Sjimpansees binne snoad genôch om iten te sieden’

🕔11:22, 3.Jun 2015

Sjimpansees kinne itensiede as hja itensiedersark foar hannen ha soene. Ut ûndersyk docht bliken dat apen snoad genôch binne om te koaitsjen. Wittenskippers fan Harvard en Yale diene twa jier lang njoggen eksperiminten mei sjimpansees yn de Demokratyske Republyk Kongo.

Lês it folsleine artikel
In protte minsken fersinne har yn wat harren lokkich makket

In protte minsken fersinne har yn wat harren lokkich makket

🕔17:07, 2.Jun 2015

In protte dingen dêr’t minsken fan miene dat in harren lokkich makket, beynfloedzje it libben just op in negative wize. Dat seit alteast geloksekspert Paul Dolan, prefester oan de Londenske School of Economics, yn in fraachpetear mei de Britske krante

Lês it folsleine artikel
Minsken liene faak ferhalen fan oaren

Minsken liene faak ferhalen fan oaren

🕔16:22, 2.Jun 2015

It is net ûngewoan dat minsken beare dat hja wat meimakke hawwe dat eins in oar oerkaam is. Dat docht bliken út ûndersyk, publisearre yn Applied Cognitive Psychology, wêrby’t 447 studinten frege is nei de boarne fan har ferhalen. Hast

Lês it folsleine artikel
Mylde winter en dochs mear stjergefallen

Mylde winter en dochs mear stjergefallen

🕔11:59, 2.Jun 2015

Nettstjinsteande de relatyf mylde temperatueren binne de ôfrûne winter mear minsken ferstoarn as it jier dêrfoar. Foaral ûnder 80-plussers wie de stjerte heech. Dat berjochte it CBS juster. Mooglik is de lange grypweach de kweadogger. Goed 67 tûzen minsken kamen

Lês it folsleine artikel