Undersyk
Minder stress? Minder faak e-mail lêze!
Jachterich? Wurch? Lêst fan krupsjes? Faaks binne jo oanhelle mei e-mailstress. Wa’t syn mailbox net sa faak ynsjocht, fielt him dêr ornaris al gau in stik better troch. Dat docht bliken út Kanadeesk ûndersyk. In groep ûndersikers ûnder lieding fan
Minderheden hawwe belang by diskusje
‘Homofoby’ wurdt it wol neamd. Dat betsjut eins ‘eangst foar homo’s’, mar wurdt meastal brûkt foar in fijannigens foar homo’s oer. Homofoby is te genêzen, sa hawwe twa Amerikaanske politikologen ûntdutsen, mar allinne as tsjinstanners mei homo’s yn kontakt komme.
Ljouwert: Innovating City
Mei yngong fan 17 desimber 2014 mei Ljouwert em UN Innovating City neame. De Fryske haadstêd is dêrmei ien fan de 18 steden wrâldwiid mei dizze titel. Dizze steden binne part fan ‘t UN Global Compact Cities Programme (UNGCCP). Ljouwert
Uterlik docht der wis wol ta
Kreas wêze docht fertuten op ‘e arbeidsmerk. Al te kreas hoecht net, mar ûnsjoch wêze is in neidiel. Dat docht bliken út ûndersyk fan it sosjaal-kultureel planburo SCP. Yn de sosjology is Pierre Bourdieu in begryp. De Frânske wittenskipper besjocht
Saakkundigen Fryske taal hawwe kongres
Woansdei set it Frysk Filologekongres út ein. By de Fryske Akademy komme in soad gelearden mei kennis fan it Frysk byinoar om inoar oer nije ûntjouwings te fertellen. It Frysk Deiblêd hie dêr in nijsgjirrich stik oer. Hjirûnder is it
Klimaat giet as in raket: 2014 alderwaarmste jier
De ierde feroaret en waarmet op. 2014 kin it waarmste jier út de skiednis fan ‘e temperatuermjitting wurde. Dat skriuwt de wrâldorganisaasje fan waarkundigen WMO. Neffens WMO soarget benammen it waarme seewetter foar hege temperatueren. Troch de hege temperatueren wurdt it
Alkohol minder skealik foar pubers as tocht waard
UTERT – Alkohol bringt gjin skea ta oan it brein fan opslûpen jeugd. Dat docht bliken út ûndersyk fan Sarai Boelema fan de Universiteit Utert. Hja hat 2230 jongelju in lang skoft folge en kaam derefter dat jonge minsken dy’t
E-sigaret soms folle gefaarliker as gewoane
Guon e-sigaretten binne tige min foar de sûnens. Se kinne wol tsien kear safolle kankerferwekkende stoffen befetsje. Dat docht bliken út Japansk ûndersyk. Neffens Naoki Kunugita fan it Japanske ministearje fan folkssûnens sitte der yn de damp fan e-sigaretten in