Google Audio it nijste

Google Audio it nijste

🕔09:22, 22.Oct 2009

It bedriuw Google soe drok dwaande wêze om mei bedriuwen en grutte platelabels oerien te kommen oer kontrakten. Yn 2008 hat Google in muzyktsjinst lansearre yn Sina. Mei dy muzyktsjinst kin fergees muzyk delladen wurde. De nije muzyktsjinst soe yn

Lês it folsleine artikel
32 nije eksoplaneten ûntdutsen

32 nije eksoplaneten ûntdutsen

🕔09:51, 20.Oct 2009

Der binne 32 nije eksoplaneten ûntdutsen, mei help fan in spesjaal ynstrumint op ien fan de grutste teleskopen fan de wrâld yn Sily. Troch dizze waarnimming giet it tal bekende eksoplaneten mei 30 persint omheech. De ûntdekking is moandei bekend

Lês it folsleine artikel
Twa deaden orkaan ‘Rick’

Twa deaden orkaan ‘Rick’

🕔07:40, 20.Oct 2009

  De orkaan ‘Rick’ hat al foar syn komst op de fêstewâl fan Meksiko twa minsken deadien. Yn de omkriten fan Los Cabos waarden in 16-jierrige swimmer en in 38-jierrige fisker troch de hege weagen meitôge. In wurdfierder fan de polysje

Lês it folsleine artikel
Rjochtsaak tsjin Shell

Rjochtsaak tsjin Shell

🕔13:38, 19.Oct 2009

Koartlyn waard bekend dat op 3 desimber de earste sitting plak hawwe sil fan de rjochtsaak fan de Nigeriaanske boeren F.A. Oguru, A. Efanga en Milieudefentie tsjin Shell. Oguru en Efanga binne beide slachtoffer fan in oaljelekkaazje út in ynstallaasje

Lês it folsleine artikel
Skiermûnteach in tsjuster plak

Skiermûnteach in tsjuster plak

🕔13:16, 19.Oct 2009

Skiermûnteach is it tsjusterste plak fan Nederlân. Op nûmer twa stiet ‘t Hoge Land yn Grinslân, folge troch de kust fan de Fryske Waadsee. Dit docht bliken út ûndersyk mei ljochtmjittingen fan de Provinciale Milieufederatie en de Stichting Natuur en

Lês it folsleine artikel
Klapstuollen yn fleanmasine

Klapstuollen yn fleanmasine

🕔10:17, 19.Oct 2009

De klapstuollen stean op in rychje, reizgers sitte foar har meireizgers oer… Sa sjocht it bysûndere projekt fan de Britsk ûntwerpstudio Design Q derút. Fleanmasinen mei klapstuollen kinne de helte mear passaziers ferfiere. De kosten kinne dan mei tritich persint

Lês it folsleine artikel
Histoaryske gebouwen fersakje

Histoaryske gebouwen fersakje

🕔19:40, 17.Oct 2009

Histoaryske gebouwen yn  Nederlânske binnenstêden fersakje troch de klimaatferoaring. Trochdat der faker langere skoften fan droechte binne, sakket it grûnwetterpeil en komme de houten fundearingspeallen droech te stean. It risseltaat is rotsjend hout, skean sakke huzen mei ôfgryslik hege kosten

Lês it folsleine artikel
Betinker WWW seit sorry

Betinker WWW seit sorry

🕔18:55, 17.Oct 2009

Londen, 14 oktober. Sir Tim Berners-Lee, de betinker fan it wrâldwide netwurk, hat sein dat de skeane streekjes ’//’ yn in ynternetadres winliken “net nedich” binne. De skeane streekjes hawwe ynternetbrûkers lang argewaasje jûn. Berners-Lee joech ta dat hy, doe’t er

Lês it folsleine artikel
It moardzjen yn Taiji

It moardzjen yn Taiji

🕔12:11, 16.Oct 2009

In dokumintêre oer de jierlikse slachting fan dolfinen yn it Japanske doarp Op it filmfestifal yn Tokyo draait dit jier in dokumintêre oer de slachting fan dolfinen yn in Japansk doarp. Foarfilmkes fan de dokumintêre, dy’t de namme “The Cove”

Lês it folsleine artikel
Google seis persint fan Ynternet

Google seis persint fan Ynternet

🕔12:04, 15.Oct 2009

Google is ien fan de meast besochte hiemsiden op it Ynternet. Fansels komt dat troch harren sykmasine, mar ek Gmail en YouTube. Út in grut ûndersyk komt nei foarren dat Google seis persint fan al it ynternetferkear yn hannen hat.

Lês it folsleine artikel