Wite dakken binne grien

Wite dakken binne grien Fernijd

🕔08:52, 1.Jan 2010

De boargemaster fan de Australyske stêd Melbourne wol dat safolle mooglik dakken wyt makke wurde. De maatregel moat derfoar soargje dat de temperatuer yn flats, appartemintekompleksen en winkelsintra minder gau oprint. Op dy wize hoecht de airconditioning minder hurd oan

Lês it folsleine artikel
De otter yn de Lindefallei

De otter yn de Lindefallei

🕔11:38, 29.Dec 2009

De ôfrûne wiken binne yn de Lindefallei spoaren fan de otter fûn. Der binne keutels fûn dêr’t in otter syn gebiet mei oanjout. Op bepaalde plakken leit de otter in keutel del om territoarium te markearjen.  Troch de snie fan

Lês it folsleine artikel
Nylhoars Tanja opsetten yn Artis

Nylhoars Tanja opsetten yn Artis

🕔09:26, 29.Dec 2009

Nylhoars Tanja, dy’t yn de krystnacht yn Artis stoar, sil opsetten yn de bistetún weromkomme. In wurdfierster fan de Amsterdamske dieretún hat dat moandei sein. It is net bekend wannear’t it lichem fan Tanja wer yn Artis te sjen is. It

Lês it folsleine artikel
Kataloanië wol gjin bollefjochterij

Kataloanië wol gjin bollefjochterij

🕔10:15, 26.Dec 2009

De Spaanske regio Kataloanië hat freed de earste stap setten yn de rjochting fan in ferbod op bollefjochtsjen. It regionale parlemint yn Barcelona stimde mei 67 tsjin 59 stimmen foar it oannimmen fan in boargerinisjatyf oer in ferbod op bollefjochtsjen.

Lês it folsleine artikel
Opslach fan waarmte foar nije huzen

Opslach fan waarmte foar nije huzen

🕔10:13, 26.Dec 2009

It enerzjybedriuw Eneco sil yn de gemeente Gorichem 1400 huzen dy’t boud wurde sille, oanslute op waarmte-/kjeldopslach ( WKO). Yn de nijbouwyk Hoog Dalem ûntstiet neffens Eneco it grutste WKO-projekt fan Nederlân. De bewenners wurde eigner fan in waarmtepomp yn

Lês it folsleine artikel
Schylgeralânreis nei Frankryk en Baskelân

Schylgeralânreis nei Frankryk en Baskelân

🕔09:21, 24.Dec 2009

Alle jierren organisearret de Folkshegeskoalle Schylgeralân in busreis nei in Europeesk minderheidsgebiet. Dit jier sil dat wêze nei Súd-Frankryk, nei de kontreien dêr’t Oksitaansk en Baskysk praat wurdt. De oanreis fia Château de Méridon, Orléans, de Loire, Bordeax en de

Lês it folsleine artikel
11.000 tsjin 27

11.000 tsjin 27 Fernijd

🕔08:40, 24.Dec 2009

De likernôch 250 wolven yn Sweden krije it swier nei nijjier. Foar it earst yn 45 jier kin eltsenien in fergunning krije om de bisten dea te sjitten. Hast 11.000 Sweden hawwe in fergunning oanfrege om in wolf te sjitten.

Lês it folsleine artikel
Top is flop

Top is flop

🕔00:46, 21.Dec 2009

De klimaattop yn Kopenhagen hat gjin formeel ferdrach opsmiten, mar in net-binend akkoart, dêr’t de lannen sneon allinnich mar ‘noasje fan naam’ hawwe. Dat wie freedtejûn ‘yn in efterkeammerke’ opsteld troch de Feriene Steaten (FS), Sina, Yndia, Brazilië en Súd-Afrika

Lês it folsleine artikel
SuperSina by klimaattop

SuperSina by klimaattop

🕔10:08, 20.Dec 2009

Yn Keappenhaven hat Sina omraak boarte mei mear as 120 politike lieders. Sels de Feriene Steaten mei de altyd sa fleurige presidint Obama binne bûtenspul set. Neist de tema’s CO2, klimaatferoaring en opwaarming fan de ierde joech de klimaattop yn

Lês it folsleine artikel
Tal nachtegealen nimt ôf

Tal nachtegealen nimt ôf Fernijd

🕔08:59, 18.Dec 2009

It tal nachtegealen yn de Nederlânske bosken is de ôfrûne 25 jier mei 37 prosint ôfnommen. Fan spotfûgels is it tal sels mei 85 prosint lytser wurden. Biologen en fûgelûndersikers wite de efterútgong fan de trekfûgels yn de bosk oan

Lês it folsleine artikel