Goud foar Wüst op 3 km

Goud foar Wüst op 3 km

🕔01:07, 7.Nov 2010

IT HEARRENFEAN – Ireen Wüst hat sneon de 3000 meter op de NK ôfstannen yn Thialf wûn. Se wie mei 4.12.32 rapper as Marrit Leenstra (4.14.71). Tred waard Marije Joling út Assen mei 4.15.41. De ynwenster fan Wikel, Marrit Leenstra, docht

Lês it folsleine artikel
Sjoerd Hamburger nei roeifinale

Sjoerd Hamburger nei roeifinale

🕔15:52, 4.Nov 2010

LAKE KARAPIRO – Sjoerd Hamburger hat mei de Holland-acht de finale helle op it WK roeien yn Nij-Seelân. Fia de herkânsing pleatste de ploech him mar krekt foar de finale. De Nederlanners pleatsten har troch Sina trijehûndertste foar te bliuwen.

Lês it folsleine artikel
Stadion Hearrenfean net grutter

Stadion Hearrenfean net grutter

🕔12:00, 29.Oct 2010

IT HEARRENFEAN – Der komme foarearst gjin ekstra sitplakken yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean. Der wiene plannen foar in ferbouwing fan de westtribune fan it fuotbalstadion fan Sportklup Hearrenfean, mar de klup sjocht dêr no dochs fan ôf.

Lês it folsleine artikel
Menzo fan Cambuur nei Vitesse

Menzo fan Cambuur nei Vitesse

🕔07:15, 28.Oct 2010

LJOUWERT – Cambuurtrainer Stanley Menzo wurdt assistint-trainer by earedivizjonist Vitesse yn Arnhem. Dat sil woansdei ferteld wurde op in parsekonferinsje yn it Cambuurstadion. De Omrop is der live by. Menzo wurdt assistint fan de Spanjert Albert Ferrer, dy’t woansdei ek

Lês it folsleine artikel
Feyenoord wint wer ris

Feyenoord wint wer ris

🕔00:39, 28.Oct 2010

ROTTERDAM – Feyenoord hat foar it earst yn twa moanne wer ris in earedivyzjewedstryd wûn. De ploech fan trener Mario Been wûn woansdei yn de Rotterdammer Kuip it degradaasjeduel tsjin VVV-Venlo mei 3-0. Georginio Wijnaldum makke yn de lêste healoere

Lês it folsleine artikel
Sponsors ferlitte SC Hearrenfean

Sponsors ferlitte SC Hearrenfean

🕔12:00, 27.Oct 2010

IT HEARRENFEAN – SC Hearrenfean is de ôfrûne tiid tsientallen sponsors kwytrekke. Troch de krisis hâlde tal fan bedriuwen mei de finansjele stipe op. Dizze wike makket SC Hearrenfean de útwreidingsplannen foar it stadion bekend. It weromrinnend tal sponsors hat

Lês it folsleine artikel
De strontrace is begûn

De strontrace is begûn

🕔18:43, 25.Oct 2010

WARKUM – De 37ste Strontrace is moandeitemiddei út ein set. Stront- en beurtskippen farre fan Warkum nei it Súd-Hollânske Warmond en wer werom. Fanwegen de geunstige wyn soe it dit jier wolris in flugge race wurde kinne. De earste skippen

Lês it folsleine artikel
Sulver foar Epke Zonderland

Sulver foar Epke Zonderland

🕔08:00, 25.Oct 2010

ROTTERDAM – Lemster Epke Zonderland is snein by it wrâldkampioenskip turnen yn Rotterdam twadde wurden op it ûnderdiel rak. De Sinees Zjang Tsjeng Long helle in gouden medalje mei 16.166 punten. Zonderland helle 16,033. De Dútser Fabian Hambüchen waard tredde

Lês it folsleine artikel
EK: wer oranje kuorbalwinst

EK: wer oranje kuorbalwinst

🕔16:41, 24.Oct 2010

LJOUWERT – It Nederlânske tiim hat ek syn twadde pûlwedstriid wûn op it EK kuorbaljen. Sneontejûn wûnen se mei 41-8 fan Hongarije. Yn in útferkochte sporthal yn Ljouwert joech Oranje kuorballes oan de Hongaren. By it skoft wie de stân

Lês it folsleine artikel
EK kuorbaljen: Nederlân wint

EK kuorbaljen: Nederlân wint

🕔10:03, 23.Oct 2010

LJOUWERT – Nederlân hat freedtejûn de earste wedstriid op it Europeesk kampioenskip kuorbaljen mei gemak wûn fan Dútslân. Yn in grôtfolle sporthal It Kealledykje yn Ljouwert waard it 36-8 foar it Oranje achttal. By it skoft stie it al 22-5.

Lês it folsleine artikel