Bern leare faker in frjemde taal
Mear bern krije de mooglikheid om in frjemde taal te learen. It oantal basisskoallen dêr’t bern in frjemde taal leare kinne, is yn 2008 mei 70 persint omheech gien. Dat stiet yn de ynternasjonalisearringsmonitor fan it ûnderwiis yn Nederlân 2008.