EU wol ambisjeus klimaatakkoart
It klimaatprobleem moat tagelyk mei de hjoeddeistige ekonomyske krisis oanpakt wurde troch griene ynvestearrings; net allinnich yn Europa, mar oeral op ‘e wrâld. Dat sei miljeuminister Andreas Carlgren fan EU-foarsitter Sweden juster yn Brussel nei in petear mei de EU-miljeukommisje.