Russyske minister: mear smoke
MOSKOU – Ynwenners fan Ruslân moatte mear smoke en mear drinke. Dat sei de Russyske minister fan finânsjes Aleksej Koedrin woansdei. Mear konsumpsje liedt nammentlik ta mear belestingynkomsten foar de steat. Dy kin dêrtroch wer mear útjaan oan sosjale wissichheid.