Nikkie de Jager jout punten Eurofyzje Sjongfestival út Ljouwert wei

Nikkie de Jager jout punten Eurofyzje Sjongfestival út Ljouwert wei

🕔08:13, 1.Mai 2024

Nikkie de Jager jout de douze points út namme fan de Nederlânske sjuery op sneon 11 maaie út Ljouwert wei. De puntetelling komt by de finale fan it Eurofyzje Sjongfestival streekrjocht fan de stampfolle Europaparty op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert.

Lês it folsleine artikel▸
Anne Dykstra: Trut

Anne Dykstra: Trut Fernijd

🕔08:00, 1.Mai 2024

Kollum Unfoech praat (78) Trut is in skelwurd foar in ûnsjoch, ferfelend, ûnnoazel en/of jankerich frouspersoan. Trut is ek in beneaming foar it froulik geslachtsdiel. Oarspronklik is trut in lûdneibauwend wurd foar weake prut. It etymologysk wurdboek fan Van Dale

Lês it folsleine artikel▸
Briefkje (114): Kennis fan grammatika needsaaklik om digitale systemen yn ’e stokken te hâlden.

Briefkje (114): Kennis fan grammatika needsaaklik om digitale systemen yn ’e stokken te hâlden.

🕔08:00, 30.Apr 2024

Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn brief fan ferline wike. Bêste Jan, grappich om te lêzen dat niget en leafde liede kinne ta swierrichheden. Miskien sels wol ta argewaasje, tink ik der fuort by. Want dat kriget men as

Lês it folsleine artikel▸
Sorbysk? Fansels.

Sorbysk? Fansels.

🕔08:11, 29.Apr 2024

Al fjirtjin iuwen wenje de Sorben yn ’e Lausitz, in gebiet yn de eardere DDR tusken Berlyn, Görlitz en Dresden. De Sorben – ek wol Wenden neamd – binne in West-Slavysk folk sûnder eigen nasjonale steat. Krektlyk as de Friezen

Lês it folsleine artikel▸
Werprintinge Jentsje-boekjes

Werprintinge Jentsje-boekjes Fernijd

🕔08:16, 28.Apr 2024

Al sûnt 1981 jout de Afûk de populêre rige Jentsje-boekjes út. Ferskynden der yn 1981 earst trije titels (Jentsje syn bear, Jentsje syn koekje, Jentsje syn auto), de searje waard stadichoan útwreide nei tsien titels. Dêrfan kamen der seis út

Lês it folsleine artikel▸
Ynterfryske frouljusmoeting yn East-Fryslân

Ynterfryske frouljusmoeting yn East-Fryslân

🕔08:18, 27.Apr 2024

De Ynterfryske Rie organisearret in ynterfryske frouljusmoeting. Dy moeting dy’t om ’e twa jier holden wurdt, is dit jier fan 10 oant en mei 13 septimber 2024 yn East-Fryslân, regio Ihlow, Auwerk en Südbrookmerland. It is in útwikseling fan froulju

Lês it folsleine artikel▸
Nynke Duijff winner Grut Frysk Diktee

Nynke Duijff winner Grut Frysk Diktee

🕔09:42, 25.Apr 2024

It Grut Frysk Diktee 2024 is wûn troch Nynke Duijff fan Damwâld. Mei mar 2,5 flaters wie dat resultaat goed foar it Gouden Dakje. Ekstra bysûnder om’t by har in jier of wat lyn de spiersykte ALS fêststeld is. Dêrtroch

Lês it folsleine artikel▸
Oprop foar bydragen oan Mercator International Conference

Oprop foar bydragen oan Mercator International Conference

🕔08:12, 25.Apr 2024

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen organisearret op 7 en 8 novimber 2024 syn 1st International Conference yn it Oranje Hotel yn Ljouwert. It tema fan de konferinsje is ‘Shaping Policy for Minority Languages and Multilingualism’. It doel

Lês it folsleine artikel▸
Sjochtip: It Grut Frysk Diktee

Sjochtip: It Grut Frysk Diktee

🕔18:28, 24.Apr 2024

Fan ’e jûn om 19.30 oere is it Grut Frysk Diktee by Omrop Fryslân te sjen. De Steateseal fan it Provinsjehûs sit wer fol mei swittende minsken dy’t de dikteetekst fan it Grut Frysk Diktee sûnder flaters besykje te skriuwen.

Lês it folsleine artikel▸
Plombrief foar Poppoadium Iduna

Plombrief foar Poppoadium Iduna

🕔18:24, 24.Apr 2024

De Ried fan de Fryske Beweging stjoert regelmjittich Plombrieven nei persoanen of ynstânsjes dy’t har ynsette foar it Frysk. Op 23 april 2024 gie der sa’n Plombrief nei Poppoadium Iduna yn Drachten. Iduna hat fêststeld dat it Frysk foar syn

Lês it folsleine artikel▸