Golden Tulip foar ‘helaasheid’
De film ‘De helaasheid der dingen’ fan Felix van Groningen hat op it ynternasjonaal filmfestival fan Istanboel in Golden Tulip Award wûn. Akteurs Bert Haelvoet en Wouter Hendrickx krigen fan sjuerylid Klaus Maria Brandauer de priis fan tsientûzen euro oerlange.