Hannen oan ’e karre

Hannen oan ’e karre

🕔17:14, 13.Mai 2024

Ofrûne sneon, op de Reuzedei yn Akkrum, siet de tsjerke fol. 150 minsken út de wide omkriten wiene op de lêzing fan eks-waarman Gerrit Hiemstra ôfkommen. As waarman hat Hiemstra (63) hiel wat jierren de klimaatferoaring folge. Yn syn presintaasje

Lês it folsleine artikel▸
Utstalling Semâ Bekirović te sjen yn Frysk Museum

Utstalling Semâ Bekirović te sjen yn Frysk Museum Fernijd

🕔08:21, 13.Mai 2024

Yn it Frysk Museum yn Ljouwert is oant en mei 13 april 2025 de útstalling For Every Atom… te sjen, mei resint en âlder wurk fan Semâ Bekirović (1977, Amsterdam) en ûnferwachte keunstners as beammen, de wyn, dieren, planten en

Lês it folsleine artikel▸
Frysk Museum toant wurk fan Kunstbende-winner Meike de Vries (18)

Frysk Museum toant wurk fan Kunstbende-winner Meike de Vries (18) Fernijd

🕔11:46, 12.Mai 2024

In selsportret en refleksje fan alles dat har yn it ferline ûnwis oer har uterlik makke hat. Meike de Vries, winner fan Kunstbende Fryslân 2024 yn ’e kategory ekspo, lit dat mei in tekening sjen. It keunstwurk is makke mei

Lês it folsleine artikel▸
Keramykmuseum Prinsessehof lansearret nije podcastsearje ‘Porseleincast’

Keramykmuseum Prinsessehof lansearret nije podcastsearje ‘Porseleincast’

🕔08:13, 11.Mai 2024

It Nasjonaal Keramykmuseum Prinsessehof hat de lansearring fan in nije podcastrige mei de titel ‘Porseleincast’ oankundige. Yn de searje nimme Denise Campbell, konservator Aziatyske keramyk, en Laura Smeets, konservator Europeeske keramyk, de harker mei op in reis troch de yntrigearjende

Lês it folsleine artikel▸
Frysktalige tsjerketsjinsten 12 maaie 2024

Frysktalige tsjerketsjinsten 12 maaie 2024 Fernijd

🕔10:00, 10.Mai 2024

Bitgummole Tsjerke, 9.30 oere ds. P. Beintema De Gaastmar Pieltsjerke, 9.30 oere ds. T. Hibma De Rottefalle Prot. tsjerke, 9.30 oere ds. L.H. Westra Holwert Fermanje, 9.30 oere br. J. Regnerus Raard Martatsjerke, 9.30 oere drs. T.R.A. Simonides Toppenhuizen Johannestsjerke,

Lês it folsleine artikel▸
Budzjet subsydzjeregeling wolfkearende maatregels ferhege

Budzjet subsydzjeregeling wolfkearende maatregels ferhege

🕔10:03, 9.Mai 2024

Yn novimber 2023 is de subsydzjeregeling ‘Skea troch wolven foarkomme’ wizige. Deputearre Steaten makken de subsydzjeregeling foar feehâlders tagonkliker. Sûnt dy tiid is der mear gebrûk fan de regeling makke. Dêrom stelt Deputearre Steaten € 250.000 ekstra beskikber. Dêrneist is

Lês it folsleine artikel▸
Subsydzjeregelingen wâlbehear iepen

Subsydzjeregelingen wâlbehear iepen

🕔08:22, 8.Mai 2024

Sûnt tongersdei 2 maaie kinne boargers en bedriuwen subsydzje oanfreegje foar it ferfangen of fernijen fan in wâl by de Fryske farwegen lâns. Dy subsydzje slút oan op de kaart dy’t foarige moanne fêststeld is. Op dy kaart stiet dúdlik

Lês it folsleine artikel▸
Skriuwster Tomke-ferhaaltsjes Riemkje Pitstra 80 jier

Skriuwster Tomke-ferhaaltsjes Riemkje Pitstra 80 jier

🕔10:22, 7.Mai 2024

It wie juster in feestlike dei foar Riemkje Pitstra, skriuwster fan de Tomke-ferhaaltsjes. Hja fierde har 80e jierdei. Riemkje waard ferrast troch in prachtich berne-oargel mei echt bewegende poppen, dat spesjaal foar it Tomke-projekt makke is troch Tomke-tekener Luuk Klazenga

Lês it folsleine artikel▸
Premjêre Drachtster sjoernaals: fjirtjin jier Smellingerlân op film

Premjêre Drachtster sjoernaals: fjirtjin jier Smellingerlân op film

🕔08:14, 7.Mai 2024

Op tiisdeitejûn 14 maaie presintearje it Frysk Film- & Audioargyf en Smelne’s Erfskip in film oer Drachten yn ’e santiger en tachtiger jierren, gearstald út de Drachtster Journaals dy’t Anton Stoelwinder yn opdracht fan de gemeente Smellingerlân makke. De foarstelling

Lês it folsleine artikel▸
Busreis Jongfryske Mienskip nei it Friesentreffen 2024

Busreis Jongfryske Mienskip nei it Friesentreffen 2024

🕔08:14, 6.Mai 2024

Op tiisdei 21 maaie, de tiisdeis nei de Pinkster, organisearret de Jongfryske Mienskip in busreis nei de Upstalsbeam by Auwerk (Aurich) yn East-Fryslân. Programma foar de dei: 08.45 oere: Opstappe, tink derom, tiid is tiid! Opstapadres: A7 by it parkearterrein

Lês it folsleine artikel▸