Fryske ballonfeesten in oare datum

Fryske ballonfeesten in oare datum

🕔12:14, 22.Aug 2009

De 25e edysje fan de Fryske ballonfeesten sil takom jier letter as oars plakfine. De nutsbaan yn De Jouwer sil earst brûkt wurde foar de Swipe Dei . Dêrtroch is der net genôch tiid foar de tarieding. Swipe Dei kin

Lês it folsleine artikel
Fleanende start Sutelaksje yn Stiens

Fleanende start Sutelaksje yn Stiens

🕔12:55, 21.Aug 2009

Boargemaster E.J. ter Keurs fan Ljouwerteradiel jout op freedtemiddei 4 septimber by it gemeentehûs yn Stiens it startskot foar de lêste Sutelaksje, nei’t It Fryske Boek mei in soad spektakel letterlik út ’e loft fallen is. Om krekt 14.30 oere ferskynt

Lês it folsleine artikel
Optocht Ousterhaule yn it wetter

Optocht Ousterhaule yn it wetter

🕔08:33, 21.Aug 2009

De optocht moast tongersdeitejûn yn tûzen hasten dien makke wurde. Healwei de tocht troch it doarp begûn it ynienen te tongerjen mei fûle reinbuien. Neffens de tradysje begjinne de doarpsfeesten fan Ouster-Trijegeaen mei in optocht. Dit jier diene fiif grutte weinen mei.

Lês it folsleine artikel
Harsensken, twatalich is posityf

Harsensken, twatalich is posityf

🕔20:58, 20.Aug 2009

De harsens fan twatalige bern ha minder muoite mei ienfâldige rekkenopjeften as bern dy’t ientalich binne. De Frije Universiteit fan Brussel hat dêr ûndersyk nei dien. Meartalich ûnderwiis biedt neffens de universiteit in soad foardielen. Troch in oantal lessen yn

Lês it folsleine artikel
Swiere wynstjitten

Swiere wynstjitten

🕔07:05, 20.Aug 2009

Yn ‘e rin fan de middei sille tongerbuien oerskowe nei it easten. Troch de waarmte fan de lêste dagen kinne de buien har hiel fluch ûntwikkelje. It KNMI warskôget foar hurde wynstjitten fan hast 100 kilometer yn ‘e oere. Der

Lês it folsleine artikel
Afke Hylkema is de bêste

Afke Hylkema is de bêste

🕔20:19, 19.Aug 2009

Maaike Wind, Gérieke de Groot en Afke Hylkema ha de PC foar Froulju wûn. Afke Hylkema hat de PC no foar de 10e kear wûn. It is in rekôr by it frouljuskeatsen. Hylkema is foar de 10e kear útroppen ta

Lês it folsleine artikel
Nij boek Johan Veenstra

Nij boek Johan Veenstra

🕔20:17, 19.Aug 2009

Op 28 augustus is it safier. Der komt in nij boek út fan de  Stellinwerver skriuwer Johan Veenstra. Dat is mei mooglik makke troch de Stellingwarver Schrieversronte. It boek hjit ‘Et geheim van de wiend’. It is in spannend boek

Lês it folsleine artikel
Púnerf nei Fryslân?

Púnerf nei Fryslân?

🕔22:32, 17.Aug 2009

Yn ferskillende stêden yn Nederlân groeit de Púnerf. In lyts ienjierrich plantsje dat as in soarte fan strúkje tusken de stiennen waakst. Púnerf hâldt fan it stedske klimaat. De soarte komt fan oarsprong út de omkriten fan de Middellânske See.

Lês it folsleine artikel
HBU-stúdzje ferskriklik populêr

HBU-stúdzje ferskriklik populêr

🕔22:17, 17.Aug 2009

Op dit stuit leit it oantal ynskriuwings 18 persint heger as foarich jier. Eksakte sifers sille yn oktober bekend makke wurde. De tarin is foar in grut diel te tankjen oan ôfstudearre MBU’ers dy’t in ferfolchoplieding dwaan wolle. Troch de

Lês it folsleine artikel
Hegere beleanning foar Fryske toanielskriuwers

Hegere beleanning foar Fryske toanielskriuwers

🕔00:04, 17.Aug 2009

It skriuwen fan stikken foar Frysktalich toaniel wurdt lukrativer. De Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel (STUFT) hat de fergoeding foar oarspronklik Frysk wurk flink ferhege. Tagelyk wurdt it lean foar oersettingen wat minder. It STUFT hopet op dy wize skriuwers oan

Lês it folsleine artikel