Busreis Jongfryske Mienskip nei it Friesentreffen 2024
Resint ferskynd
Op tiisdei 21 maaie, de tiisdeis nei de Pinkster, organisearret de Jongfryske Mienskip in busreis nei de Upstalsbeam by Auwerk (Aurich) yn East-Fryslân.

Upstalsbeam (foto: Wikipedia/Matthias Süßen, eigen wurk – CC BY-SA 2.5)
Programma foar de dei:
08.45 oere: Opstappe, tink derom, tiid is tiid! Opstapadres: A7 by it parkearterrein (Transfearium) by it Van der Valk Hotel (de reade brievebus).
10.30 oere: Oankomst yn Suurhusen by de skeanste tsjerke fan ’e wrâld, dêr’t de dei begûn wurdt mei kofje en broadsjes (sit by de priis yn), dan in rûnlieding (yn it Platdútsk) yn en om de tsjerke hinne.
13.10 oere: Edeka-supermerk yn Krummhörn, winkel mei East-Fryske teksten.
14.15 oere: Hafen Greetsiel, prachtich fiskersdoarpke dêr’t de gasten fan de Jungfräiske Mäinskup ferwolkomme wurde en in ferhaaltsje oer de skiednis en de omjouwing krije. Dêrnei frij programma dêr’t elkenien sels by omsjen en earne waarm ite kin.

Foto: Fryske Rie
Ferfolch programma:
18.00 oere: Auwerk-Rahe Upstalsbeam, de betinking by de Opstalsbeam begjint om 18.30 en duorret in goed oere.
20.00 oere: Gaststätte Kukelorum, East-Fryske ‘Kneipe’, dêr’t neipraat en wat dronken wurde kin (drinken is foar eigen rekken). Op iten hoecht dêr ornaris net rekkene te wurden (faak is der net genôch).
22.00-22.30 oere: Werom nei Fryslân om likernôch tusken 23.30 en 24.00 oere wer yn Drachten oan te kommen.
Oanmelde by de Aktiviteitekommisje:
Seye Herke Brinkman: 06-26 89 43 01 of oer de e-post: info@shbrinkman.nl;
Joeke van der Heide: 06-10 15 49 20 of oer de e-post: joekevdheide@hotmail.com.
De ûnkosten fan de dei binne € 40,- de man/frou, ynkl. kofje/tee & broadsjes. Moarns by it opstappen yn Drachten moat kontant betelle wurde.
Besjoch de oprop fan Seye Herke Brinkman:






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje