Nikkie de Jager jout punten Eurofyzje Sjongfestival út Ljouwert wei
Resint ferskynd
Nikkie de Jager jout de douze points út namme fan de Nederlânske sjuery op sneon 11 maaie út Ljouwert wei. De puntetelling komt by de finale fan it Eurofyzje Sjongfestival streekrjocht fan de stampfolle Europaparty op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Dêr komme tûzenen Joost- en sjongfestivalfans byinoar om Joost Klein út syn heitelân wei nei de oerwinning te joechheien.
It is bysûnder dat de punten út namme fan Nederlân fan sa’n lokaasje ôf jûn wurde. Neffens presintator en mei-inisjatyfnimmer Sipke Jan Bousema is it de kers op ’e taart. “Dat de punten út namme fan Nederlân út Ljouwert wei jûn wurde en dat AVROTROS ús idee omearmet, is fantastysk. It is foar it earst yn Nederlân dat it op dy wize bart. Unyk en orizjineel. Dat is Joost en dat sit yn it Fryske DNA.” Yn 2021 wie De Jager ien fan de presintatoaren fan it Eurofyzje Sjongfestival yn Rotterdam. Dit jier sprekt se Europa út Ljouwert wei ta. De organisaasje is bliid mei har komst.
In dreamjûn yn ’e maak
It bekend meitsjen fan de yn Fryslân berne Joost Klein as Nederlânske dielnimmer oan it Eurofyzje Sjongfestival yn Malmö wakkere by Gemeente Ljouwert, Provinsje Fryslân, poppoadium Neushoorn en Sipke Jan Bousema in fjurke oan. Yn sân hasten waard de Europaparty fan Nederlân op priemmen set. Deputearre Sijbe Knol fan de Provinsje Fryslân is grutsk: “Joost is al jierren in grut foarbyld foar in protte kreative Fryske jongelju. Opwoeksen yn Fryslân mei in libbensferhaal dat bekend is. Hy lit sjen dat men jins dreamen wier meitsje kin, as men der mar yn leaut. En dat fiere wy mei dit fantastyske evenemint.” Wethâlder Hein Kuiken heakket dêroan ta: “Dat Joost de finale hellet, hat foar ús altyd in no brainer west. As wy de peilingen leauwe meie, is de top fiif sels binnen berik. Dat wy Joost út syn bertestêd wei tajubelje meie en de offisjele puntetelling hjir wei komt, makket de sirkel rûn.”
In grut streekrjocht meisjochfeest, is in feest lykas Joost it sels jaan kinne soe. Sa steane ûnder oaren goede bekenden fan Joost, Brunzyn x Bokoedro op it poadium, soarget de (ynter)nasjonaal suksesfolle produsint Gladde Paling foar de nedige moshpits en traapje de Kroegtijgers it feest ôf. Neffens Serge Hollander, direkteur Neushoorn, wol gjinien dat feest misse: “Wy hawwe in hiel grutte skeppe Friesenjung, in protte kreativiteit en fansels it sjongfestival mei-inoar mikst en dêr is dit unike evenemint út kommen.”
It evenemint begjint om 19.00 oere en is fergees tagonklik. De organisaasje ferwachtet sa’n 6000 besikers. Om 21.00 oere begjint de útstjoering fan it Eurofyzje Sjongfestival, dêr’t de nedige artysten yn lânskomme. Nei alle gedachten begjint de puntetelling om midnacht hinne. Oerwinning of net, it Eurofyzje Sjongfestival wurdt yn Ljouwert feestlik ôfsletten.

Boarne: Marketing Ljouwert






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje