Rynlanners leare it Sealterfrysk
Resint ferskynd
Yn it wykein fan 23 en 24 maart hawwe sân nigethawwers út Keulen en omkriten har ferdjippe yn de Fryske talen en benammen it Sealterfrysk.

Foto: Wikipedia – publyk domein
Yn in wurkatelier fia ynternet learden se oer de skiednis en aktuele situaasje fan de trije Fryske talen: it Sealterfrysk yn it Sealterlân, it Westerlauwersk Frysk yn ús provinsje Fryslân en it Noard-Frysk oan ’e westkust fan Sleeswyk-Holstein. De dielnimmers learden ek wat praktyske wurden en sinnen foar in besite oan it Sealterlân en kamen yn ‘e kunde mei de wichtichste wurdboeken en grammatika’s.
It ynternet-wurkatelier fan twa dagen is in mienskiplik inisjatyf fan de Seeltersk-Kontoor yn Roomelse (Ramsloh) en it Skandinavysk ynstitút Nordika yn Keulen. Under de dielnimmers wiene pensjonearden dy’t op fakânsje nei it Sealterlân wolle, mar ek studinten Dútske stúdzjes, dy’t de kursus as in oanfolling op har stúdzje sjogge.
It wurkatelier waard troch Henk Wolf en Johanna Griep jûn. Henk Wolf is de wittenskiplike fertsjintwurdiger foar it Sealterfrysk yn it Seeltersk-Kontoor op it Oldenburchske plattelân. Johanna Griep joech jierrenlang Sealterfryske les oan de Universiteit fan Münster. Beide binne tige tefreden oer hoe’t de kursus ferrûn is.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje