Heit see-earn mist ‘befalling’

Maart 17, 2024 16:40

Sûnt koart wurdt troch It Fryske Gea wer in nij seizoen mei de aventoeren fan in yntusken ferneamd pearke see-earnen yn Nasjonaal Park de Alde Feanen streekrjocht útstjoerd. It is al de achtste maitiid dat it selde see-earnepear op dat plak besiket om in nij húshâldinkje op priemmen te setten. Fan hichtepunten wurde aparte ôfleveringen makke dy’t werom te sjen binne. Dêr blykt út dat mem har by it lizzen fan de aaien mar rêde moat: heit pûst net mei by de ‘befalling’. It twadde aai kaam heit sels suver oer it mad! Heit hie foarôf wol wakker syn bêst dien om it nêst ree meitsjen, benammen troch yngeand te ‘dobjen’: it draaien fan in kûle yn in kom fan sêft materiaal, lykas ljippen dat ek dogge. Dy risselwaasjes waarden yn febrewaris al makke.

De see-earnen makken yn febrewaris al risselwaasjes. © It Fryske Gea

Besjoch hjirûnder de filmkes fan it lizzen fan de aaien. Klik hjir foar de streekrjochte bylden en foar filmkes fan oare hichtepunten. Lês hjirre mear oer de see-earn, dy’t yn it Frysk ek goesearn neamd wurdt.

Maart 17, 2024 16:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.