Ynformaasjemiddei iepen Joadske huzen en huzen fan ferset
Resint ferskynd
Op freed 3 maaie wurdt by Tresoar in ynformaasjemiddei holden oer hoe’t men op ynternet en yn argiven oanwizingen oer de oarlochsskiednis fan jins hûs fynt.

Foto: Ruben van Vliet
Faaks wenje jo yn in hûs dat yn ‘e oarloch troch Joaden bewenne waard? Miskien binne jo fia oare minsken al op ’e hichte fan de joadske skiednis fan jo hûs. Der binne ek manieren om dêr sels efter te kommen. Online kin dat ûnder oare fia www.joodsmonument.nl.
Deselde fraach kin ek steld wurde oangeande fersetshuzen. As men ien kear ûntdutsen hast dat jins hûs in oarlochsskiednis hat, dan kin dat it begjin wêze fan in syktocht nei de libbensferhalen fan de eardere bewenners. Minsken dy’t dêryn ynteressearre binne en dêr graach wat help by krije wolle, kinne op freed 3 maaie o.s. tusken 13.00 en 17.00 oere nei it Histoarysk Sintrum Ljouwert (HSL) komme. Dêr stiet dan in ploech spesjalisten klear om jin paadwiis te meitsjen yn de ûndersyksmooglikheden en jin alfêst op wei te helpen.
De dei by it HCL wurdt organisearre yn gearwurking mei Tresoar en it Frysk Fersetsmuseum. De aktiviteit wurdt organisearre yn it ramt fan Iepen Joadske huzen en huzen fan ferset. Op freedtemiddei 3 maaie wurde op oare plakken yn Ljouwert inkelde gebouwen foar publyk iepensteld. It folsleine oersjoch is hjir te finen.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje