Waarpraatsje: Ferskil bliuwt

maaie 16, 2024 17:00

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – De grutte ferskillen tusken it noarden en it oare part fan Nederlân bliuwe noch efkes. Tongersdei wie it yn Fryslân wer in kreaze en waarme maitiidsdei. Dat sil freed ek noch wol sa wêze, mar it wurdt wol minder stabyl.

Tongersdeitejûn kin der in bui falle, miskien wol mei tonger, mar tongersdeitenacht bliuwt it drûch en op guon plakken soe it dampich wurde kinne. By hast gjin wyn sil it 13 graden wurde.

Freed liket skier te begjinnen en der kin in bui falle. Yn ‘e middei bliuwt it yn Fryslân, nei alle gedachten, drûch en soe de sinne der ek noch wol by komme kinne. De wyn komt út it noardwesten en is swak oant matich. De temperatuer leit om de 19 graden hinne.

Yn it wykein bliuwt it wat ritich maitiidswaar.

Jan Brinksma

 

maaie 16, 2024 17:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.