Utrikking Libris Literatuerpriis streekrjocht by Nieuwsuur
Resint ferskynd
Moandeitejûn 13 maaie docht Nieuwsuur (NOS/NTR) streekrjocht ferslach fan it bekend meitsjen fan de winner fan de Libris Literatuerpriis 2024. Yn kultuerhûs Felix Meritis yn Amsterdam makket sjueryfoarsitter Kim Putters, yn it deistich libben foarsitter fan de Sociaal-Economische Raad, buorkundich wa fan de seis nominearre skriuwers mei de eare en 50.000 prizejild ôfset. It is de 31e kear dat de priis útrikt wurdt.

Boarne: NOS/NTR
De seis nominearre skriuwers komme yn Nieuwsuur oan it wurd yn in stikmannich reportaazjes. Dêrnei folget it bekend meitsjen fan de winner. Presintator Jeroen Wollaars sil op it poadium in fraachpetear mei de winner hâlde.
De seis nominearre skriuwers fan 2024 binne:
Cobi van Baars – De onbedoelden;
Sacha Bronwasser – Luister;
Rob van Essen – Ik kom hier nog op terug;
Esther Gerritsen – Gebied 19;
Frank Nellen – De onzichtbaren;
Maud Vanhauwaert – Tosca.
Ferline jier wûn Anjet Daanje de Libris Literatuerpriis foar Het lied van ooievaar en dromedaris.
Sjoch ek de reportaazje dêr’t Nieuwsuur de nominearren yn ferraste.
Utstjoering: Nieuwsuur (NOS/NTR), moandei 13 maaie 2024, 21.30 oere, NPO 2.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje