Undersyk: Hjir wurde yn Fryslân de measte fytsen stellen

maaie 8, 2024 08:12

Yn 2023 waarden yn Fryslân 1.730 gefallen fan stellen fytsen meld. Dat tal leit 3,6% heger as it jier derfoar en sels 24,9% heger as yn 2019, it jier foar de koroanagoarre. Benammen Ljouwert bliek ûnfeilich: yn dy gemeente waarden nammentlik de measte fytsedieverijen fan hiel Fryslân meld. Dat docht bliken út ûndersyk fan Independer op basis fan data fan de plysje en it CBS.

Foto: pixabay.com

Measte stellerij yn Ljouwert
Yn Ljouwert sloegen kriminelen ferline jier 980 kear harren slach. De gemeente is dêrmei sels goed foar mear as de helte fan alle fietsedieverijen yn ’e provinsje.
De measte meldingen waarden yn 2023 dien yn de gemeenten:

  1. Ljouwert: 980
  2. Smellingerlân: 215
  3. Súdwest-Fryslân: 135
  4. It Hearrenfean: 110
  5. Waadhoeke: 45

Op Flylân en Skiermûntseach waarden yn 2023 gjin meldingen fan stellen fytsen dien.

“It tal fietsedieverijen leit nei alle gedachten noch heger, om’t net elkenien oanjefte docht. By elektryske fytsen is it wol ferplichte om by de plysje de stellerij te melden as men oanspraak op in fergoeding fan de fersekering meitsje wol. It tal elektryske fytsen is tanommen en dat kin ek in part fan de tanimming fan de oanjeften ferklearje”, seit Michel Ypma, saakkundige wenfersekeringen by Independer.

Grutste tanimming yn Achtkarspelen
It wie net oeral like slim. Yn Achtkarspelen wie it bygelyks it meast tanommen. Dêr waarden ferline jier 35 fytsen ûntnadere: dat is 75% mear as yn 2022. Yn Tytsjerksteradiel (+50%) en Waadhoeke (+28,6%) waarden yn 2023 folle mear fytsen stellen as in jier earder. Net oeral yn Fryslân naam it tal gefallen fan fytsedieverij ta: yn sân gemeenten rûn it tal just tebek: ûnder mear yn De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân. Yn de gemeenten It Hearrenfean en Harns naam it tal registrearre ynsidinten it meast ôf (-33,3%).

“Hâld der rekken mei dat der beskate betingsten binne as jins fyts út de eftertún of bygelyks de skuorre stellen wurdt. De skuorre moat goed ôfsletten wêze en sawol yn ’e tún as it hok moat de fyts op slot stean”, warskôget Ypma.

Op de ûndersyksside binne de sifers de gemeente te sjen en is mear ynformaasje oer it ûndersyk te lêzen.

Metodology
Foar it ûndersyk is gebrûk makke fan gegevens fan de plysje en it CBS. Foar de analyzes op tûzen húshâldens binne de gemeenten mei 25 of minder gefallen fan fytsedieverij yn 2023 net meinommen. Foar de persintuele ferskillen binne dy gemeenten ek net meinommen yn ’e toplisten. Fytsen dy’t út ôfsletten skuorren en garaazjes stellen binne, wurde registrearre as skuorreynbraak en telle yn ’e data net mei.

maaie 8, 2024 08:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.