Toulûkende wrâldkampioenen út It Heidenskip krije sportpinning
Resint ferskynd
By it WK Toulûken 2024 wûnen se goud. Ofrûne snein krige Toulûkferiening It Heidenskip dêrom út hannen fan wethâlder Bauke Dam fan Súdwest-Fryslân in sportpinning útrikt by Pitch en Putt yn Koudum.

Foto: pixabay.com
Yn it wykein fan 8 o/m 11 febrewaris helle it Oranjeteam twaris goud yn ’e kategory 640 kg en 680 kg by it Wrâldkampioenskip yn Helsingborg, Sweden. Yn in klasse mei it lichemsgewicht fan de byinoar optelde ploechleden net boppe it totaalgewicht útkomme. De winnende ploegen bestiene elk út acht Friezen en in oanfierdersduo. Meine Kampen, Age Jan Kampen, Lieuwe Boersma, Bauke Smeding en coach Pieter Tjalma diene fan Toulûkferiening It Heidenskip mei. Alle fiif wenje yn ’e gemeente Súdwest-Fryslân.
In sportpinning wurdt takend oan in feriening of in yndividuele sporter dy’t in bysûndere sportive prestaasje fan nasjonale of ynternasjonale betsjutting levere hawwe. En oan unike Fryske kultuerhistoaryske sportprestaasjes lykas it skûtsjesilen, keatsen en fierljeppen, dêr’t nammebekendheid fan de gemeente Súdwest-Fryslân yn nasjonaal ferbân by fergrutte wurdt.

TTV It Heidenskip (foto: Gemeente Súdwest-Fryslân)






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje