Skriuwster Tomke-ferhaaltsjes Riemkje Pitstra 80 jier

maaie 7, 2024 10:22

Foto: Afûk

It wie juster in feestlike dei foar Riemkje Pitstra, skriuwster fan de Tomke-ferhaaltsjes. Hja fierde har 80e jierdei. Riemkje waard ferrast troch in prachtich berne-oargel mei echt bewegende poppen, dat spesjaal foar it Tomke-projekt makke is troch Tomke-tekener Luuk Klazenga en syn broer. Klazenga hie spesjaal foar Riemkje ek in prachtige poster yllustrearre, mei de jubilaris yn it middelpunt.

Riemkje Pitstra skriuwt al sûnt it begjin fan it Tomke-projekt yn 1996 de ferhaaltsjes oer it Fryske jonkje Tomke en syn hûntsje Romke, Kornelia de Kangeroe en it buorfamke Yana Yu. Underwilens skriuwe ek Geartsje Douma, Reina&Greetje en Berber Spliethoff mei oan de Tomke-ferhaaltsjes. De ferhalen fan Tomke steane ticht by it deistich libben fan jonge bern en wurde foarlêzen op pjutte-opfanglokaasjes en bernesintra om de Fryske taal te stimulearjen.

It Tomke-projekt wol âlden en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern. Foarlêzen, ferskesjongen, (taal)spultsjes en oandacht foar de deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk. Sjoch ek op www.tomke.frl.

Luuk Klazenga en Riemkje Pitstra (foto: Afûk)

maaie 7, 2024 10:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.