Sellokonsert troch Hanneke Rouw op freed 17 maaie yn Doarpstsjerke Huzum

maaie 3, 2024 08:19

Hanneke Rouw jout op freed 17 maaie fan 17.00 oant 18.00 oere in sellokonsert yn ’e rige ‘Muzyk+’ yn Doarpstsjerke Huzum yn Ljouwert.

Hanneke Rouw (foto: ©Ronnie Sentamu)

Hanneke Rouw begûn mei sello spyljen doe’t se acht jier wie. Mei in protte wille hat se lessen by Rata Kloppenburg en Maria Hol folge. Op har sechstjinde spile se solo mei it Jeugd Strijk Orkest Constantijn (no it Britten). Yn itselde jier wûn se in earfolle fermelding op it Prinses Christina-konkoers, in kompetysje foar jong klassyk talint yn Nederlân. Hja studearre by Martijn Vink oan de Luca School of Arts yn Leuven, België. Hja hat ynspiraasje opdien út petearen mei ynternasjonaal ferneamde sellisten as Steven Isserlis en Anner Bijlsma. Hanneke spilet op in Dútske sello (begjin 20e iuw). Dat is mooglik makke troch it Cultuurfonds en de Stichting Eigen Muziekinstrument.

Foarich seizoen hat se mei in protte plezier en entûsjasme troch Nederlân, Grut-Brittannië, Italië en Dútslân toerd, mei de sellosuites fan Bach en de sonaten fan Beethoven, Mendelssohn, Chopin, Lalo, Brahms, Saint-Saëns, Grieg, Rachmaninoff, Fauré, Shostakovich, Prokofjev en Debussy.

Fanwegen it sukses fan dy toernee sil de nochris in toer troch ferskate Europeeske lannen meitsje en sil se mei de sellosuites fan Bach yn ’e Doarpstsjerke Huzum ek in konsert jaan. Op har Facebook-side en webside (www.hannekerouw.com) binne resinsjes, foto’s, audio en fideo te finen. Yn ûndersteande fideo is in liveopname fan in konsert (maaie 2022) yn de Sint Jan de Doper yn Waalwijk te sjen. Hanneke spilet de Courante út de earste sellosuite fan Bach.

Hoewol’t de konserten yn ’e ‘Muzyk+’ fergees tagonklik binne, wurdt in frijwillige bydrage foar de musisy tige op priis steld. Wa’t op tiid komt, kin in moai plak útsykje. By de tsjerke is net folle parkearromte. Besikers kinne – op rinôfstân en fergees – parkearje op it romme parkearterrein foar de Intratuin oer (súdside Tynjedyk).

Ynljochtingen binne fia dorpskerkhuizum@gmail.com te krijen. Mear ynformaasje is te finen op www.dorpskerkhuizum.nl, www.facebook.com/dorpskerkhuizum en www.hannekerouw.com.

maaie 3, 2024 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.