Lêzing oer histoarysk damboerd no tongersdei yn Tresoar
Resint ferskynd
It Fryslân Iepen damtoernoai is alwer in pear moanne efter de rêch. Yn ’e moanne fan it Fryslân Iepen toernoai hie de webside www.frisiandraughts.com mar leafst 47.000 besikers.

Boarne: Tresoar
It earstfolgjend grutte evenemint dat troch de Stifting WFD organisearre wurdt, is it tredde wrâldkampioenskip Frysk damjen. Sa’t it der no nei útsjocht wurdt it WK dit jier fan 16 oant en mei 25 augustus yn it âlde stedhûs fan Harns spile.
Dêrneist is it ôfrûne jier ûndersyk nei in unyk damboerd út it Ryksmuseum dien. Dat blykt de missende skeakel te wêzen foar de ûntjouwing nei in damspul op it 100-fjildeboerd. In lêzing dêroer wurdt oankommende tongersdei 16 maaie om 20.00 oere yn Tresoar holden. Nigethawwers binne fan herten wolkom om dêrby te wêzen.
Oanmelde foar de lêzing kin fia dizze link.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje