Konsert troch de Ljouwerter Bachferiening yn Doarpstsjerke Huzum

maaie 16, 2024 08:18 Fernijd

Yn de rige ‘Muzyk +’ fan Kultuerpoadium Doarpstsjerke Huzum yn Ljouwert jout de Ljouwerter Bachferiening ûnder lieding fan Rianne Meinardi op freed 31 maaie 2024 fan 17.00 oant 18.00 oere in konsert. It wurdt in a-capellakonsert mei de titel ‘Geen dag zonder Bach’.

Ljouwerter Bachferiening (eigen foto)

De Ljouwerter Bachferiening is in koar fan entûsjaste sjongers. It binne musisy mei ûnderfining dy’t sjongles (hân) hawwe of in muzykynstrumint bespylje. Yn 1948 waard it koar oprjochte troch Kor Ket, bekend musikus yn Fryslân en in grut leafhawwer fan Johann Sebastiaan Bach. Syn doel wie om de wurken fan Bach foar in breed publyk hearre te litten.

Hoewol’t de konserten yn ’e rige ‘Muzyk +’ fergees tagonklik binne, wurdt in frijwillige bydrage foar de musisy tige op priis steld. Wa’t op tiid komt, kin in moai plak útsykje. By de tsjerke is net folle parkearromte. Besikers kinne – op koarte rinôfstân en fergees – parkearje op it romme parkearterrein foar de Intratuin oer (súdside Tynjedyk).

Doarpstsjerke Huzum (foto: ©Jan de Vries)

Ynljochtingen binne te krijen fia dorpskerkhuizum@gmail.com. Mear ynformaasje is te finen op www.dorpskerkhuizum.nl, www.facebook.com/dorpskerkhuizum en leeuwarderbachvereniging.nl.

maaie 16, 2024 08:18 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.