ItNijs is no Goeie.FRL

maaie 16, 2024 23:36
Skriuw in reaksje

7 opmerkingen

  1. Fries om útens maaie 17, 14:07

    Wat betsjut dit foar it webstee ItNijs.frl?

    Ik mei graach dizze side besykje en soe it hiel spitich fine at dit aanst net mear kin om’t it ferdwynt!

    Komt der in gearwurking of fúzje?

    Bliuwt ItNijs en it eigen webstee bestean of net?

  2. Hank Artsneev maaie 18, 11:43

    De periode van eeuwenlange studies omtrent hoe, waarbij en in welke mate de eerste taal van de Lage landen tot minor werd, is denkelijk voorbij.
    Vanaf nu gaat het om ACTIES tot taalbehoud.
    Laat me weten wat de Fryske Beweging zou kunnen bewegen.
    Henk Veenstra, fanvanfryslan.nl. – totaal site – FaceBook —

  3. Klaas Aaldert van der Veen maaie 18, 19:29

    Neffens my krijt it allinich in oare namme.

  4. Erwin2.0 maaie 18, 20:02

    Soe moai wêze as der flochs en sa komme soenen.

  5. Lútsen maaie 20, 14:02

    Graach in reaksje fan de redaksje. Wêrom dit beslút?

  6. Wurkgroep 'Nije beweging yn de Ried' maaie 21, 12:10

    Yn antwurd op boppesteande fragen en opmerkingen:

    Itnijs.frl bestiet hast 15 jier. Yn dy tiid naam it ynternet in fierdere flecht en giene wy mei yn de nije ûntwikkelingen. Yn de earste jierren is it slagge om in lêzerspublyk oan te lûken fan likernôch tsientûzen besikers yn it jier. Dêrnei is dat tal net mear groeid. De struktuer fan itnijs.frl is oer it generaal nea oanpast. Dêrtroch binne wy net mei de tiid meigien. Alle kranten publisearje digitaal. Mei ús beheinde kapasiteit slagget it dêrom net mear om in aktuele nijsside te wêzen. De namme itnijs.frl docht om dy reden net mear wat er seit. It bestjoer van de Ried fan Beweging, dy’t de útjouwer is fan itnijs.frl – hat dêrom op advys fan ús wurkgroep besletten om de redaksjeformule te feroarjen.

    Under it motto ‘Foar de rykdom fan Fryslân’ bringe wy yn byld wat der op it stuit spilet op it mêd fan Fryslân, Friezen en it Frysk. Dêrby is it wichtich dat wy minsken aktivearje wolle om yn beweging te kommen en mei te dwaan.

    By dy nije formule hawwe wy in nije útstrieling keazen. Dat betsjut in folslein nije webside en ek in nije namme. Dy side is op 17 maaie 2024 de loft yngien en te finen op it ynternetadres http://www.goeie.frl

    Fan 17 maaie 2024 komme der gjin nije berjochten mear op itnijs.frl. Dy wurde allinnich noch op http://www.goeie.frl pleatst.

    Itnijs.frl bliuwt noch iepen oant likernôch 1 augustus 2024. We soarge dat “itnijs.frl-argyf” wol fia ynternet te ûntslúten bliuwt. Mar aktuele berjochten fine jo dus op goeie.frl.

  7. Erwin2.0 maaie 23, 09:48

    De webside goeie.frl is net ferkeard, mar…

    Fan wrâldnijs yn it Frysk nei in nostalgyske webside… Botte fernijend is it net.

    Mear fideo’s en flotte explainers hie fansels moaier en better west.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.