Harns keunstsinnichste gemeente fan Fryslân

maaie 4, 2024 08:14 Fernijd

Gjin inkelde Fryske gemeente hat safolle keunstners fuortbrocht as Harns. Fan alle 10.000 minsken dy’t yn dy gemeente berne waarden, wurde der 57 keunstner.

Harns (foto: pixabay.com)

Dat docht bliken út ûndersyk fan thússtúdzjeplatfoarm Laudius, dat de keunstnersdatabank fan it Nederlânsk Ynstitút foar Keunstskiednis (RKD) ûnder de loep naam. Dy databank is ien fan de wichtichste dokumintaasje- en ûndersyksynstellingen op ’e wrâld op it mêd fan keunstskiednis. Yn totaal waarden gegevens fan hast 38.000 Nederlânske keunstners, berne tusken 1500 en 2000, analysearre.

Nei Harns komme in protte keunstners út benammen Ljouwert en Skiermûntseach. Fan alle 10.000 berne Ljouwerters kamen der 43 kreativelingen op ’e wrâld en ûnder Skiermûntseagers wiene dat der 32. Ut Tytsjerksteradiel en Dantumadiel (beide seis) binne relatyf sjoen de minste keunstners ôfkomstich.

Fryslân telt yn ferhâlding in protte skilders
Fryslân bringt in opfallend soad skilders fuort: 31,4% fan alle keunstners kiest dêr nammentlik foar dy keunstdissipline. Dat persintaazje leit heger as yn in protte oare provinsjes yn Nederlân: yn trochsneed is 29,5% fan alle keunstners skilder. Inkeld yn Drinte (32,1%) is it oanpart skilders grutter. Njonken skilderjen binne yn Flevolân benammen tekenjen en yllustrearjen (16,7%) en ambachten lykas houtbewurking of pottebakken (9,6%) populêr.

Drinte telt measte skilders
Drinte bringt in opfallend soad skilders fuort: 32,1% fan alle keunstners kiest dêr nammentlik foar dy keunstdissipline. Dat persintaazje leit heger as yn alle oare Nederlânske provinsjes: yn trochsneed is 29,5% fan alle keunstners skilder. Njonken skilderjen binne yn Drinte foaral tekenjen en yllustrearjen (16,9%) en byldhouwen (12,1%) populêr.

Froulju nimme yn ’e keunst de oerhân
Hoewol’t de keunstwrâld iuwenlang troch manlju dominearre waard, is de rol fan froulju hieltyd sterker oanwêzich. Benammen yn ’e 20e iuw waard de ynfloed fan froulju yn ’e keunst hieltyd grutter. Sûnt de njoggentiger jierren binne der sels mear froulju (59%) as manlju yn it fak aktyf.

Op de ûndersyksside is te sjen hoe keunstsinnich de ferskate gemeenten binne.

maaie 4, 2024 08:14 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.