Frysk Museum toant wurk fan Kunstbende-winner Meike de Vries (18)
Resint ferskynd

Meike de Vries mei har selsportret (boarne: Kunstbende)
In selsportret en refleksje fan alles dat har yn it ferline ûnwis oer har uterlik makke hat. Meike de Vries, winner fan Kunstbende Fryslân 2024 yn ’e kategory ekspo, lit dat mei in tekening sjen.
It keunstwurk is makke mei kleurpotlead op griis papier. It wurk is fan 13 maaie oant en mei 10 juny yn de iepeningshal fan it Frysk Museum te sjen. In tagongskaartsje is net nedich om de presintaasje te besjen.
Kunstbende
Kunstbende is it kreative platfoarm foar elkenien fan trettjin oant en mei 19 jier. Yn dy online en offline mienskip kine alle jongelju derút helje wat deryn sit. Kunstbende bestiet út ferskillende kategoryen: webkreaasje, dûns, dj, ekspo, moade, film, teäter, taal en muzyk. Alle provinsjes hawwe in eigen Kunstbende, Fryslân rk.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje