Earste gearkomste kursus Gaasterlânsk

Maaie 1, 2024 18:16

Tongersdei 2 maaie wurdt in earste gearkomste oangeande de kursus Gaasterlânsk holden. Wa’t mear witte wol oer dy bysûndere fariant fan it Frysk, kin tongersdeitemiddei nei de biblioteek yn Balk komme. De gearkomste duorret fan 15.00 oant 17.15 oere.

Aldemardumer Klif (foto: Wikipedia/Romaine, eigen wurk – publyk domein)

Yn ’e gearkomste wurdt neigien wat de startposysje fan ’e minsken is en wat se wolle. Nei in pear wike begjint de kursus, taspitst op ’e winsken fan ’e kursisten. Der komt in boekje mei lesmateriaal, der is ek húswurk. Wa’t meidocht, jout sels rjochting oan ’e kursus. Giet men yn petear yn it Gaasterlânsk om te oefenjen? Of docht men skriuwopdrachten om jinsels op ’e proef te stellen? Sa kriget men it Gaasterlânsk op skrift en op ’e kaart.

Fia ûndersteande link komt men úteinlik by in enkête út. Dy enkête freget (ûnder oaren) nei jins ferwachtingen fan de kursus: wol in kursist graach Gaasterlânsk praten, skriuwen of lêzen leare, of wol er it begripe? Mei de antwurden dy’t fia dy enkête ferkrigen binne, sil kursuslieder Joël Hut oan ’e gong om it lesmateriaal alfêst op de winsken fan de partisipanten ôf te stimmen. Sa is der in wikselwurking tusken kursist en dosint wat de ynhâld fan de lessen oangiet.

Mear ynformaasje oer de gearkomste en de kursus is hjir te finen.

Maaie 1, 2024 18:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.