Doede Wiersma: De earste leafde

maaie 5, 2024 07:00 Fernijd

Oertinking

Oan de earste leafde tinke minsken faak mei nocht werom. It bliuwt harren by, hoe’t se foar it earst flinters yn it liif fielden en hielendal oer de toeren wiene. As yn in houlik de sleur komt, as partners ‘it boek út ha’ en ‘de wyn op is’, dan is de earste leafde fuort.
Faak hearde ik minsken sizzen dat se har by it belidenis-dwaan bliid en entûsjast fielden: de earste leafde foar God, foar Jezus, foar de gemeente!

Lykas yn ús tsjerken fisitaasje holden wurdt, sa sjocht Johannes dat Jezus op besite by de gemeenten lâns giet. Hy nimt yn Him op wat goed en wat net goed rint. Johannes rapportearret dêroer yn syn brieven en fisjoenen oan gemeenten. De earste gemeente is djip sakke. Dêr seit Jezus fan: “Dit haw Ik op dy tsjin, datsto net mear fan My hâldst lykas yn it earstoan.”
De earste leafde is bekuolle.
Fan oare gemeenten wurdt sein dat se dea, lij of op ’e doele binne. En in gemeente dy’t wol hoek holden hat, moat fêsthâlde wat se hat.
Immen hat ris sein dat we yn tsjerke sa waarmrinne foar twadde, tredde en fjirde saken, mar de earste en de wichtichste, nammentlik de idealen fan de hillige Geast, ferjitte. Wy soene elke gearkomste fan tsjerkeried en kommisjes begjinne moatte mei it stellen fan prioriteiten. Wat is it wichtichste en wat kin wachtsje of is oerstallich?
Der wurdt op gearkomsten fan tsjerkerieden in soad tiid ferdien oan ynkommen stikken, oan it regeljen fan dingen, oan langtriedderich gepraat oer saken dy’t neat om ’e hakken ha.
Oant sân kear ta einigje de brieven fan Johannes mei de wurden:

“Dy’t earen hat, lit him/har hearre wat DE GEAST (de Ingel) tsjin de gemeente seit.”

As ús earste leafde bekuolle is, ha wy dan dy ynspiraasje fan de Geast net it aldermeast nedich?

Lêze: Iepenbiering 2:1-7

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.
maaie 5, 2024 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.