De Jongfryske Mienskip sprekt him út tsjin opkommend antysemitisme

maaie 6, 2024 10:55

Ynstjoerd

De Jongfryske Mienskip wie sneontemiddei oanwêzich by de jierlikse betinking op it Joadske begraafplak yn Teakesyl. De JFM sprekt him út tsjin opkommend antysemitisme.

Betinking Joadsk begraafplak Teakesyl (foto Jongfryske Mienskip)

Antysemitisme is gjin ynsidint mar in iuwenâlde foarm fan rasisme dy’t, as wy neat dogge, fan generaasje op generaasje trochjûn wurdt. De Holocaust is de ekstreme konsekwinsje fan it útsluten fan minsken op basis fan harren komôf. De Holocaust leart ús dat we ús altyd fersette moatte tsjin alle foarmen fan diskriminaasje en rasisme.

Antysemitisme hat nei de Twadde Wrâldoarloch nea fuort west, mar stuts al yn de jierren foar 7 oktober 2023 faker de kop op. Dat barde op ferskate wizen en kaam út in soad ferskillende hoeken fan de befolking. Nei 7 oktober is it tal antysemityske ynsidinten sichtber tanaam. Online, op strjitte, yn ‘e klasse, op ‘e sportferiening en ús universiteiten en hegeskoallen: oeral ûnderfine Joadske steds- en doarpsgenoaten anty-Joadske yntimidaasje en agresje.

Wy hawwe mei ôfgriis de terreuroanslach troch Hamas op 7 oktober besjoen. Wy steane rjocht foar de frijheid fan mieningsutering en de frijheid om te demonstrearjen, mar wy akseptearje gjin antysemitisme. Wy meitsje dit statement om gjin ûnpaste ferlikings mei de Holocaust of it nazisme te meitsjen dy’t oerlibjenden yntins in soad pine dogge. Wy sprekke ús út as wy sjogge of hearre dat ús Joadske meiboargers yntimidearre wurde of as men oer morele grinzen hinne giet. Lit ús fersette tsjin alle foarmen fan diskriminaasje en rasisme.

Bestjoer Jongfryske Mienskip

maaie 6, 2024 10:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.