Britske aaidief stelt tûzenen aaien út nêsten fan seldsume fûgels

maaie 9, 2024 08:18 Fernijd

In 71-jierrige Brit hat foar de tredde kear in finzenisstraf krige om’t er op grutte skaal aaien fan seldsume fûgels út ’e natuer meinommen hie. Nei’t er op ’e died trappearre wie, fûn de plysje hast trijetûzen aaien by him yn ’e hûs. Earder trof de plysje ek al tûzenen aaien oan.

Foto: pixabay.com

De stellerij waard diskear troch in wyldkamera fêstlein, dy’t oansloch doe’t er yn in natuerreservaat aaien fan in nachtswel út in nêst helle. De plysje koe him identifisearje troch syn opfallende kuierstôk. By him thús waarden dêrnei 2995 aaien oantroffen, fan etiketten foarsjoen, en hast allegearre fan beskerme fûgelsoarten. 546 aaien blieken fan slim bedrige soarten te wêzen, lykas de gielfink, de koalmosk en de grienling. In part fan de samling lei efter in paniel yn ’e baaikeamer besidestoppe. De plysje fûn ek in boek oer fûgels, fierrekikers en materiaal om aaien út te blazen.

Aaien fan de nachtswel
De aaidief krige al twa kear earder in selstraf foar itselde fergryp. Yn 2005 moast er tsien wike de sel yn, nei’t de plysje by him thús hast fjouwertûzen aaien fûn hie. Yn 2018 waard er opnij betrape mei in samling fan hast fiiftûzen aaien. Dat kaam him op achttjin wike finzenisstraf te stean. En hy mocht tsien jier lang net mear yn beskate natuerreservaten komme. In protte fan dy gebieten stiene op ’e etiketten fan de aaien dy’t it lêst fûn wiene.

Foto: pixabay.com

Ferslave
De man hat skuld bekend. Aaien sammelje docht er al sa’n sechstich jier. Hy krige de ‘leafhawwerij’ fan syn heit mei en seit dat it foar him in ferslaving wurden is. Hy kriget diskear in finzenisstraf fan tolve wike. En hy moat in skeafergoeding betelje en him in jier lang psychiatrysk behannelje litte.

Natuerbeskermers reagearren ferbjustere op it ûnbidich tal aaien dat de man weinommen hat en alle kearen dat it troch syn tadwaan mislearre dat seldsume fûgels besochten te brieden. Yn Ingelân is it sûnt 1954 ferbean om aaien út ’e natuer mei te nimmen.

maaie 9, 2024 08:18 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.