Blauhús betinkt manlju dy’t yn ’e oarloch te wurk steld waarden

maaie 2, 2024 08:17 Fernijd

Sneon 4 maaie 2024 wurdt yn Blauhús it ferhaal ferteld oer de manlju dy’t harren yn 1943 op befel fan de Duitsche Weermacht ferplicht ‘voor den arbeidsinzet’ melde moasten.

Boarne: 4 Maaie Komitee Blauhûs

Oeral hongen fluchskriften mei de tekst ‘Op bevel der Duitsche Weermacht moeten alle mannen in den leeftijd van 17 t/m 40 jaar zich voor de arbeidsinzet aanmelden. Op hen, die pogen te ontvluchten of weerstand te bieden, zal worden geschoten.’ De Blauhústers Dominicus Bootsma, Wiebe de Witte en Durk van der Werf wegeren dat en sieten sadwaande lang ûnderdûkt yn ’e mûne-ûnderbou oan de Marfeart, tusken Greonterp en Blauhús.

Boarne: 4 Maaie Komitee Blauhûs

Klaas Bootsma fertelt 4 maaie it persoanlik ûnderdûkferhaal fan syn heit Dominicus (1923 – 2023). As it koe, wiene se oan it wurk mar soms wie der ûnried, dan hong buorfrou De Witte in read kleed oan ’e line en bleaune de manlju binnendoar. It ûnderwerp is tige aktueel, koartlyn kaam noch it boek Tewerkgestelden, getuigenissen van de Artbeitseinsatz fan skriuwster Renske Krimp-Schraven út. Oer de heal miljoen twangarbeiders en it swijen en de bedrigingen fan nei de oarloch. It boek wie al gau útferkocht, begjin maaie wurdt de twadde printinge ferwachte.

De Blauhúster betinking is op de Molepôlle oan ’e dyk nei Greonterp en begjint 19.15 oere mei in stille tocht. Bern drage in gedicht foar oer frede en stilte, de fanfare spilet ‘Band of Brothers’, nei it ferhaal fan Bootsma is der krânslizzing, om 20.00 oere is it twa minuten stil en wurde de folkslieten spile. Elkenien is fan herten wolkom.

Boarne: 4 Maaie Komitee Blauhûs

maaie 2, 2024 08:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.