Baas loftmacht Feriene Steaten makket flecht yn troch AI bestjoerde F-16

maaie 7, 2024 08:12 Fernijd

De heechste baas fan de Amerikaanske loftmacht, Frank Kendall, makke mei sukses in flecht yn in F-16 dy’t troch keunstmjittige yntelliginsje (AI of KY) bestjoerd waard.

Foto: pixabay.com

Kendall fleach ferline wike tongersdei yn in oanpaste F-16 dy’t selsstannich fleane kin. It nijs waard pas nei ôfrin dield om de flecht net yn gefaar te bringen. Ferline jier makke it Pentagon buorkundich dat sûnt koart testen dien waarden mei it fleantúch, dat de namme Vista (Variable Stability In-Flight Simulator Test Aircraft) krige hat. By testflechten fierde KY mei hege faasje definsive en offensive maneuvels út tsjin oare, troch minsken bestjoerde F-16’s. Oan board fan it KY-tastel wiene wol twa piloaten dy’t yngripe koene as dat nedich wie.

Gefjochten
It brûken fan KY giet fierder as de automatyske piloat dy’t al jierren yn ’e boarger- en militêre loftfeart brûkt wurdt. Dy kin funksjes oernimme, lykas nei programmearre plakken fleane of yn beskate gefallen in fleantúch oan ’e grûn sette. Mar de Vista kin sûnder yngripen fan piloaten yn gefjochtssituaasjes fleane.

Parseburo AP wie by de test oanwêzich. Dy waard boppe Edwards Air Force Base holden, in loftmachtbasis yn ’e Mojave-woastyn yn ’e steat Kalifornië. Neffens it parseburo fierde it tastel mei Kendall deryn likernôch in oere lang maneuvels út mei faasjes fan mear as 880 kilometer yn ’e oere. Dêrby waard ek in troch piloaten bestjoerde F-16 ynset. Neffens AP fleagen en draaien de tastellen binnen in straal fan 300 meter ominoar hinne “yn in besykjen om harren tsjinstanner yn kwetsbere posysjes te twingen”.

Foto: pixabay.com

Nei it lânjen stapte de loftmachtbaas neffens it parseburo kâldgnyskjend út. Hy sei dat er ûnder de flecht genôch sjoen hie om it KY-systeem, dat noch yn ûntwikkeling is, te betrouwen om beslissingen te nimmen oer it lansearjen fan wapens by gefjochten. Kendall is in útsprutsen foarstanner fan it brûken fan KY yn it leger. Hy kundige ferline moanne al oan dat er in flecht meitsje woe yn in F-16 dy’t mei KY gefjochtsmaneuvels útfierde. “It is in feilichheidsrisiko om it net yn te setten. Wy moatte it op it stuit wol hawwe”, sei er ferline wike nei’t it tastel wer oan ’e grûn stie.

Libben en dea
Tsjinstanners wize foaral op ’e risiko’s fan it brûken fan KY. Sa stelt it Ynternasjonale Reade Krús dat it wichtichste argumint tsjin gebrûk is “dat der rûnom slim yn noed sitten wurdt oer it oerlitten fan beslissingen oer libben en dea oan sensoaren en kompjûterprogramma’s.” Neffens it Reade Krús binne minsken “moreel frij om te kiezen foar beslissingen en aksjes, sels yn konflikten dêr’t beslissingen om te deadzjen in bytsje yn normalisearre binne”. It brûken fan autonome wapens is “in direkte reden ta noed dy’t om in urgint antwurd fan de ynternasjonale polityk freget”, seit de helporganisaasje.

Nettsjinsteande dat set de Amerikaanske loftmacht grut yn op it brûken fan keunstmjittige yntelliginsje foar oarlochsfiering. Kendall ferwachtet dat de tastellen lichter en goedkeaper wêze kinne as de hjoeddeiske djoere bemanne gefjochtsfleantugen en stelt dat net meigean mei de ûntwikkeling fan KY-oarlochsfiering, efterútgong betsjut. “Wy moatte hieltyd hurd trochdrave”, stelt er. De loftmacht wol in troch KY oandreaune float hawwe fan mear as tûzen ûnbemanne gefjochtstastellen. De earste moat yn 2028 yn gebrûk wêze. Neffens de ûntwikkelers fan Vista is der gjin inkeld lân op ’e wrâld mei in gefjochtsfleantúch dat op soartgelikense wize gebrûk fan KY makket.

De programmatuer leart fan miljoenen flechten dy’t yn simulatoaren makke binne, past dy kennis dan yn ’e loft ta en nei de flecht wurdt dy kennis wer troch keunstmjittige yntelliginsje ferwurke om der mear fan te learen. Neffens de ûntwikkeler hat in lân as Sina bygelyks wol al simulatoaren mei KY, mar is der gjin yndikaasje dat dat lân al testen bûten de simulator útfiert.

maaie 7, 2024 08:12 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.