Anne Dykstra: Fily
Resint ferskynd
Kollum
Unfoech praat (79)
It efterheaksel –fily komt fan it Grykske philos, dat betsjut fan beminnend of hâldend fan. Immen dy’t behept is mei anglofily, is gek op Ingelân en dy’t lêst hat fan bibliofily is in tigen boekeman. –Fily komt gauris foar yn seksuologyske terminology. It bekendst binne heterofily en homofily. Heteros betsjut ‘de oare’ of ‘it oare’, dat in heterofyl hâldt fan lju dy’t fan it oare geslacht binne. Homos betsjut ‘gelyk, deselde’, dus in homofyl hâldt fan lju dy’t fan syn eigen geslacht binne. By pedofily giet it om (it ferlet fan) seks mei bern. Paidos komt fan pais, ‘bern’. In gerontofyl komt krekt yn ’e juste stimming by gâns âldere lju as hysels. Gerontos is dan ek in ‘âlde man, in griisburd’. As âldere, grize man liket my dat oars net de slimste seksuele aberraasje. Slimmer is it as jo mei in nekrofyl te meitsjen krije. Sa slim is it trouwens ek wer net, want je sille der neat fan fernimme. Jo binne dan nammentlik al dea, want necros betsjut fan lyk. Lju dy’t oanhelle binne mei apotemnofily, hawwe in seksuele foarkar foar minsken dy’t in skonk of in earm of sa misse. Apo betsjut ‘fuort, (der)ôf’ en temnoo komt fan temnein, ‘snije’.
By soöfily (zoöfilie), of soörasty (zoörastie) giet it om seks mei bisten. It skynt gauris foar te kommen dat manlju dy’t har kwakje om ien of oare reden net by in frou kwyt kinne, by bisten oan har gerak komme. Yn De Roekkat fan Willem Abma komt in soöfily-sêne foar. De haadpersoan ‘stoarre oandachtich nei wat er it rôze neamde. Ut it boppeste gatsje kaam stront, dan kaam de prom en dêrûnder siet it ûnbidich lytse miichgatsje. Tusken dy lêste beide hong as in lyts roazebledsje in lipke. As er dêr oerhinne streake, stie it dier as in peal sa stil en waard it rôze al gau weak en slimerich. Wie it by in skiep einliks wol safolle oars as by in frou? Mear en mear rekke er yn de besnijing fan it geslacht fan de wouter en der fan oertsjûge dat it gelyk wie oan dat fan in frou, en danksij it feit dat it tabehearde oan in dier gie der in ekstra bekoaring fan út’, dat hy rekket mei it skiep ‘dwaande’.
Foto thússide: Detail byldhouwurk yn de Lakshanatimpel yn Khajuraho (Yndia).






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje