Yn dizze Fryske gemeenten ride bestjoerders it faakst fuort nei in ûngelok

april 2, 2024 08:12

It is strafber om nei in ûngelok fuort of troch te riden. Dochs giet it faak ferkeard op ’e Fryske diken: ferline jier waarden 1.760 meldingen fan fuortriders dien. Dat is 4,1% mear as yn it jier dêrfoar. Benammen yn Ljouwert wiene yn ferhâlding in protte slachtoffers. Yn ien jier tiid rieden yn dy gemeente 640 bestjoerders fuort nei’t se by in ûngelok belutsen wiene. Dat docht bliken út ûndersyk fan Independer.nl op basis fan plysjesifers en data fan it Waarborgfonds.

Foto: Unsplash

Tsjin in parkearre auto botse, in stek omride of in oare ferkearsdielnimmer oanride: bestjoerders dy’t blik- of letselskea feroarsaakje, moatte har altyd by de dupearde melde. Nettsjinsteande dat fuort- of trochriden strafber is, gie it ferline jier faak mis yn Fryslân. Der wie sels sprake fan in tanimmend tal ynsidinten (+4,1%).

Yn dizze gemeenten de measte fuortriders
Yn Fryslân is Ljouwert koprinner. Dêr waard ferline jier 640 kear oanjefte dien fan fuortriden nei in ûngelok. Yn Súdwest-Fryslân en Smellingerlân wiene ek in protte dupearden. De top 5 fan gemeenten yn Fryslân mei de measte oanjeften foar fuortriden nei in ûngelok is:

    1. Ljouwert: 640 oanjeften;
    2. Súdwest-Fryslân: 275 oanjeften;
    3. Smellingerlân: 155 oanjeften;
    4. Waadhoeke: 130 oanjeften;
    5. It Hearrenfean: 95 oanjeften.

Op Skiermûntseach waard gjin inkeld proses-ferbaal opmakke foar fuortriden nei in ûngelok. Op It Amelân en Flylân wiene it der mar fiif yn ien jier tiid. It folsleine ûndersyk is hjir te finen.

Op syn minst 68 miljoen euro skea
“As men slachtoffer fan in trochrider nei in ûngelok is, dan kin men oanspraak meitsje op it Waarboarchfûns. Alle minsken mei in autofersekering betelje oan dat fûns mei. Hoe mear minsken trochride, hoe mear de preemje foar elkenien omheech gean sil”, leit ekspert autofersekeringen Menno Dijcks fan Independer út. Fuortriders feroarsaakje flink wat skea. Yn 2022 kearde it Waarboarchfûns sa’n 68,1 miljoen euro oan slachtoffers út. “Nettsjinsteande in lytser tal oanjeften, leit it skeabedrach yn 2023 nei alle gedachten heger troch de sterke ynflaasje.”

Op trochriden stiet in maksimale finzenisstraf fan trije moanne en in jildboete fan op syn heechst 8100 euro. Ien kin ek syn rydbewiis foar maksimaal fiif jier kwytreitsje. Op de wet is in útsûndering: as de trochrider him binnen tolve oeren dochs noch by de plysje meldt, dan ferfalt ferfolging foar it trochriden.

april 2, 2024 08:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.