Wittenskippers fine fossile resten fan grutste seereptyl ea

april 27, 2024 08:12

Wittenskippers tinke dat se yn it suden fan Ingelân de oerbliuwsels fan in seereptyl fan 25 meter lâng fûn hawwe. It bist moat goed 200 miljoen jier lyn yn de wrâldseeën swommen ha. Mei in lingte fan twa stedsbussen efterinoar soe it foar safier bekend it grutste seereptyl wêze dat ea bestien hat.

Ichthyotitan severnensis (yllustraasje: Wikipedia/Seismic Shrimp – CC BY 4.0)

De Britske paleontologen fûnen de ôfrûne jierren hieltyd nije bonkefragminten yn de Westbury Mudstone Formation yn it graafskip Somerset. De ferskillende stikken bonken blieken by de kaak fan it ûnbidige seereptyl te hearren. Earder hiene ûndersikers in pear kilometer fierderop al ferlykbere bonkeresten fûn, dy’t yn har eagen allegearre ta in noch ûnbekende soart ichthyosaurussen hearden. Hja hawwe de nije soarte Ichthyotitan severnensis doopt.

Ichthyosaurussen lykje in bytsje op de hjoeddeiske dolfinen. Se ûntstiene sa’n 250 miljoen jier lyn en berikten as folwoeksen eksimplaar al gau in lingte fan sa’n fyftjin meter. Tanksij harren streamlinige foarm koene se mei hege faasje foarútkomme en op fisken en inketfisken jeie.

Yn it lette Trias, goed 200 miljoen jier lyn, berikten se harren maksimale lingte, nei’t it liket dus yn alle gefal sa’n 25 meter. Lang hawwe se net fan de status as grutste seereptyl genietsje kinnen: mei de Trias-Jura-ekstinsje, 201,4 miljoen jier lyn, stoar goed tweintich persint fan alle seedieren út. Under de slachtoffers wiene ek de ichthyosaurussen.

Folslein bonkerak
De ûndersikers hâlde wol in lytse slach om ’e earm, om’t se de lingte bepaald hawwe op basis fan in beheinde hoemannichte bonkeresten. Hja hoopje ea in deadskop of sels in folslein bonkerak fan it seereptyl tsjin te kommen. Dy nije fynsten sille skielk nei ferwachting in krektere rûzing mooglik meitsje. Hjoed-de-dei swimme der noch bisten fan ferlykbere omfang yn ’e wrâldseeën om. De blauwe finfisk kin sels 26 oant 30 meter lang wurde, mar dy heart ta de groep fan sûchdieren.

Yn it súdwesten fan Grut-Brittannië wurde faker fossilen fan ichthosaurussen fûn. Yn 2022 kaam in ûnderhâldsmonteur der tafallich noch ien op it spoar yn in drûchlein wetterreservoir. In lytske neffens de nije fynst: mar tsien meter lang.

april 27, 2024 08:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.