Wieke Bosch en Esmée van Eeghen oan fersetsmonumint taheakke

april 14, 2024 08:14 Fernijd

Fersetsfroulju Wieke Bosch (1882-1945) en Esmée van Eeghen (1918-1944) wurde taheakke oan it monumint foar fallen fersetsstriders yn it Frysk Fersetsmuseum yn Ljouwert. Op it monumint wurdt eare betoand oan persoanen dy’t ferstoarn binne as gefolch fan harren fersetswurk yn Fryslân.

Fersetsmonumint Fryslân (foto: Frysk Fersetsmuseum)

Wieke Bosch (boarne: Frysk Fersetsmuseum)

Neffens it Frysk Fersetsmuseum is de tiid ryp om de twa froulju de erkenning te jaan dy’t se fertsjinje. It taheakjen folget nei nij histoarysk ûndersyk troch Hessel de Walle foar syn boek Vrouwen van het Friese verzet: gevecht op vele fronten. Yn it boek, dat ôfrûne freed ferskynde, komme trije froulju foar dy’t troch harren fersetswurk om it libben komme binne: Cornelia van der Vlis, Wieke Bosch en Esmée van Eeghen. Op it stuit stiet allinnich Cornelia van der Vlis op it fersetsmonumint.

Wieke Bosch
Wieke Bosch is nei alle gedachten by de oprjochting fan it monumint yn 1995 oan it omtinken ûntsnapt. It ferhaal fan dy markante frou, dy’t in rol yn it sosjalistysk ferset spile, wie oant no ta frijwol ûnbekend. Wieke Bosch sette yn har berteplak Ljouwert in ôfdieling fan it loftse yllegale blêd De Vonk op en wie aktyf yn de ûnderdûkhelp.

Yn novimber 1942 waard se arrestearre en neidat se in pear moanne yn Ljouwert opsletten sitten hie, waard se nei konsintraasjekamp Ravensbrûck deportearre. Dêr waard se op 17 febrewaris 1945 mei njoggen oare Nederlânske froulju selektearre om fergast te wurden. Doe’t de ynstallaasje wegere, waarden de froulju de oare deis, neaken, mei mitrailleurs deasketten.

Esmée van Eeghen (boarne: Frysk Fersetsmuseum)

Esmée van Eeghen
It ferhaal fan Esmée van Eeghen is in stik bekender by it grutte publyk. Hja wie ûnder oaren aktyf yn ’e piloate- en ûnderdûkhelp en stipe de top fan it Fryske ferset. Hja stie ûnder tiidgenoaten bekend as ûnferfeard en aventoerlik, mar joech in protte opskuor troch har ferhâlding mei in Dútske militêr. Fanwegen har omgong mei Dútsers waard se troch it ferset op in stuit sels út Fryslân ferballe.

Op 7 septimber 1944 waard har libben lykwols by it Grinslânske Van Starkenborghkanaal ta in ein brocht troch kûgels fan de Sicherheitsdienst. Yn rûnten fan it ferset waard twivele oan har loyaliteit. Hja kaam dêrom nea op ’e earelist fan minsken dy’t yn ’e oarloch fallen binne, en krige gjin fermelding op monuminten of yn strjitnammen. Nettsjinsteande geroften is der nea bewiis fûn dat se har meifersetsstriders ferret hat.

Konservator Marre Sloots fan it Frysk Fersetsmuseum: “Esmée foldocht oan de offisjele kritearia foar fermelding op it monumint: ‘ferstoarn as gefolch fan fersetswurk yn Fryslân’. Ien dy’t oantoanber de saak fan it ferset moedwillich ferret hat of nei de Dútske kant oerrûn is, kin fansels wegere wurde. Mar yn it gefal fan Esmée van Eeghen binne dêr nea hurde bewizen foar fûn. Nei de oarloch wiene der in protte spekulaasjes en geroften, dy’t der mei foar soarge hawwe dat in byld fan Esmée as in soarte ‘femme fatale’ ûntstie. Troch har namme no oan it fersetsmonumint ta te heakjen, wolle wy dat byld nuansearje en de fokus nei har fersetsdieden ferlizze. Hja holp alliearde piloaten en Joadske bern en ferfierde wapens. Troch har sjarmes en flotte manier fan praten wist se de Dútske besetters faak foar it lapke te hâlden.”

Troch syn nije opstelling tinkt it museum rjocht oan har fersetsdieden te dwaan, en tagelyk de iepening foar diskusje te bieden. In edukatyf programma jout ekstra kontekst oan it ferhaal fan Esmée. Yn in ynteraktive les komme learlingen yn oanrekking mei ferskate boarnen en krije se ferskillende kanten fan it ferhaal te sjen.

Op hokker termyn de nammen en en foto’s fan Wieke Bosch en Esmée van Eeghen yndied oan it monumint taheakke wurde, is noch net bekend. It Fersetsmuseum is noch yn petear mei (of op ’e siik nei) famyljeleden fan de twa froulju.

april 14, 2024 08:14 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.