Werprintinge Jentsje-boekjes

April 28, 2024 08:16 Fernijd

Al sûnt 1981 jout de Afûk de populêre rige Jentsje-boekjes út. Ferskynden der yn 1981 earst trije titels (Jentsje syn bear, Jentsje syn koekje, Jentsje syn auto), de searje waard stadichoan útwreide nei tsien titels. Dêrfan kamen der seis út dy’t yn 2007 en 2015 ek as kartonboekje útbrocht binne en no opnij yn in werprintinge fan tûzen eksimplaren fan elke titel.

Foto: Afûk

Heiten en memmen dy’t sels mei de Jentsje-boekjes opgroeid binne, kinne de boekjes dus no ek wer foarlêze oan harren eigen bern. De oarspronklike Sweedske útjeften bestiene út tekeningen mei twa of trije wurden derby. Yn de Fryske edysje hat Janny Vledder-van der Knoop (1925-2007) doedestiids by elke yllustraasje in rymke makke fan fjouwer rigels. Dy rymkes ha der mei foar soarge dat de boekjes sa’n sukses waarden. Yn it ferline kamen der wol bern yn de winkel fan de Afûk dy’t it hiele boekje út ’e holle koene. Dat de boekjes it jonge publyk noch hieltyd oansprekke, docht wol bliken út de foto’s dy’t no ynstjoerd wurde op de Facebookside fan heit&mem, dêr’t ek in filmke by sit fan in fiifjierrich famke dat it boekje út ’e holle ‘foarlêst’.

De boekjes ferskynden earst as ynbûne printeboekjes, mar de lêste trije printingen (seis titels) binne útjûn as kartonboekjes: yn 2007 en 2015 en no yn 2024 dus wer. Yn 1995 presintearre de Afûk it 25.000ste Jentsje-boekje; mei de boekjes dy’t dêrnei noch printe binne, komt it totale oantal op in lytse 70.000 boekjes fan dat lytse mantsje. Iteke van der Pol-Vledder, de dochter fan Janny, is dêr wakker wiis mei: “Sa moai dat ús mem op dizze wize noch hieltyd in bytsje trochlibbet as de mem fan Jentsje.”

Foto: Afûk

Boekgegevens:
ISBN 9789062737116 Jentsje syn auto | ISBN 9789062737123 Jentsje syn pot | ISBN 9789062737130 Jentsje syn bear | ISBN 9789062737147 Jentsje yn ’t bad | ISBN 9789062737154 Jentsje syn pemper | ISBN 9789492176073 Jentsje syn koekje | Auteur Sweedske útjefte: Barbro Lindgren, yllustraasjes Eva Eriksson | Auteur Fryske edysje: Janny Vledder-van der Knoop | Utfiering: karton | Ferkeappriis: € 9,95 | www.websjop.afuk.frl

April 28, 2024 08:16 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.