Waarpraatsje: Woansdei buien

april 23, 2024 19:12

Iens. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kâlde nacht (Ljouwert -1,3 en Starum -1,5) wie der tiisdei earst in soad sinne, mar yn ‘e middei rekke de loft berûn en foel der op guon plakken in bytsje rein. Woansdei falle der buien.

Tiisdeitenacht falle der ek buien, miskien wol mei heil of tonger. De noardwestewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt 4 graden.

Woansdei wikselje buien, miskien wol wer mei heil, tonger en sinne inoar ôf. De wyn komt út it noardwesten en is matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. Mei 8 graden is it fierstente kâld foar dizze tiid fan it jier.

Tongersdei is it ek buiïch.

Jan Brinksma

april 23, 2024 19:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.