Waarpraatsje: Tiisdei ek buien

april 15, 2024 19:10

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kreas wykein is it no hiel oar waar wurden. Der foelen moandeitemiddei fikse buien, sels mei heil. Dat bliuwt tiisdei sa.

Moandeitenacht falle der buien, miskien wol mei tonger en heil. De wyn komt út it westen en is matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt 5 graden.

Tiisdei falle der rûnom yn Fryslân wer buien, miskien wol mei heil en tonger, mar yn ‘e rin fan ‘e middei wurdt it drûch. De wyn rommet nei it noardwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. Mei 10 graden is it in pear graden kâlder as gewoanwei heal april.

De oare dagen fan dizze wike bliuwt it ek net drûch.

Jan Brinksma

 

april 15, 2024 19:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.